STARTSEITE FOTO'S INFORMATION BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais

Archief:

2014
  • 25-10 Workum van Vroeger en Nu
  • 25-10 Fiifensantich jier lyn
  • 20-10 Fiifensantich jier lyn
  • 20-10 Ut in Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 15-10 Workum van Vroeger en NU
    >> meer

    2013
  • 26-12 Fyftich jier lyn
  • 21-12 Fyftich jier lyn
  • 15-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 11-12 Fyftich jier lyn
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • 16-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 02-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 22-11 Workum van Vroeger en Nu
  • 13-11 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2011
  • 29-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 05-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 15-09 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 17-08 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 29-06 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2010
  • 25-12 út: In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 19-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 09-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 30-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 26-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2009
  • 01-12 In riedling oplost?
  • 01-12 Warkumer Keamer
  • 26-11 ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbol
  • 26-11 Oaljekoeken
  • 26-11 Oud Nieuws
    >> meer

  • 25 - 05 - 2009 - De Ballade fan Sinkel

    De Ballade fan Sinkel(of de wûndere paden fan it lot) 

    Joseph Sinkel, in lapkepoep út Cloppenburg
    Siet it hanneljen yn bonken en murch.
    As hantsjemier kaem er mei syn bruorren rinde út Dútsklân wei,
    Yn in koer op ’e rêch namen hja moaie stoffen mei.
    Stiloan wreide de negoasje him út en gie d’ omset omheech,
    Mar it gepoatel mei in swiere marse waerd harren to dreech.
    Wy soene, ornearre Anton, de âldste, ek ús brea fortsjinje kinne
    As wy, tinkt my, in winkel bigjinne.
    Dan moatt’ w’ ús net biheine ta lekkens en doeken,
    Mar ek figematten forkeapje en rûkersguod, broeken,
    Hoazzen, himden, skuon, galgen, wyn, petten,
    Dêrnjonken konfeksjeklean, bêdden, korsetten.
    Letter ek salven en swieteprikke tsjin jicht, snobberij,
    Kachels, pillen, figen, papier en hwat smokerij.
    Sa ’t it patroan naeid waerd, wie it ek snien:
    Anno 1822 waerd it suteljen mei de koer oan ’e kant dien.
    Tonei waerden stoffen by ’t weinfol op ’e Leipziger Messe kocht,
    Dêr ’t Anton, mei hynsder en wein, elts jier in bisite oan brocht.
    ’t  Earste Sinkelmagazyn yn Amsterdam roun daliks as ’t spoar,
    Moarnsier stie op de Nieuwendijk al folk foar de doar.
    Dat nijs fleach as diggelfjûr troch de buorren,
    Lûkte noch mear folk nei it warehûs fan de bruorren.
    De jildsjitter, earst erchtinkend, sykhelle forromme
    Hwant sûnder tûkelteammen wie it skiep troch de daem kommen.
    Dizze earste wol as revolusionair to bineamen sprút
    Waechste ta in hannelsimperium út.Ljouwert krige 1827 op ’e Nijstêd in filiael fan ’t Magazyn
    En dêr swaeiden Hermann en Joseph de skepter yn.
    De oare inten oan de Sinkelstam
    Waerden Utert, Leijen, De Haech en Rotterdam. 

    Mar op in reis ein desimber mei ’t fearskip út Harns
    Griep, wy skriuwe 1832, it Needlot syn kâns.
    Mei kalme wyn sylde it skip de haven út.
    Joseph, oktober krekt troud, siet stoareagjend foar ’t rút.
    Ienris op sé boaze de wyn nochal oan,
    Hy gûlde troch ’t want op driigjende toan.
    It skip bigoun op de weagen to stampen,
    Joseph waerd mislik en krige krampen.
    Hy stapte oerein, woe nei bûten ta
    Hwant hy moast pisje en frisse lucht ha.
    Yn de warring fan de stampende aek
    Stie er to hispeljen mei syn broek, koarre omraek.
    Wylst brûsden hege weagen om en oer ’t skip
    Hwat der wier barde, nimmen dy ’t it wit.
    Moast er him loslitte om de broek ticht to dwaen,
    En krige it skip doe fan de weagen in wraem?
    Mei in yslike gjalp, dy ’t gjinien heard hat,
    Hat it Needlot him doe – 34 jier âld - by de kraech pakt.

    Op hwat wy neame it Gaesterstrân
    Spielde âlde maeije 1833 in lichem oan.
    Op in haeiwein waerd it omskot nei Warkum ta brocht
    En troch de chirurgijn yn de Waech ûndersocht.
    It bliek Joseph Sinkel, dy fan de winkel, to wêzen.
    It drama stiet, hiel koart, op syn grêfstien to lêzen.
    Dy middei tôgen de dragers mei de bier it Skil yn it roun,
    Nei trije omgongen waerd er bidobb’ yn syn grêf yn ’e groun. 
    It skaed fan it lot foel al bitiid oer him hinne
    En neffens de Griken kin gjinien dat ûntrinne.
    Dus minske bitink: bigjinst nei de lodde to rûken,
    Sil Charon mei gauwens dy yn syn boatsje de Styx oer lûke.





    << Terug
    Werfdehoop.nl    Tapijthal F.M. de Boer Workum    Bouma kraanverhuur    De Galerie    link naar groenbloem    Hogenelst Yachts Interiors    Organische meststoffen Culterra    Makelaardij P.J. de Jong    
    Automobielbedrijf Siemonsma BV    Lines4boats.nl    Hunia's Drukkerij    link naar hetstekeltje    StringIT    Bouwbedrijf J. de Boer    Fashion by Fré    HJG Verzekeringen Workum