HOME FOTO'S INFORMATIEF BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais

Archief:

2014
  • 30-10 Elektriciteit
  • 29-10 Fiifensantich jier lyn
  • 25-10 Workum van Vroeger en Nu
  • 20-10 Fiifensantich jier lyn
  • 20-10 Ut in Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2013
  • 26-12 Fyftich jier lyn
  • 21-12 Fyftich jier lyn
  • 15-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 11-12 Fyftich jier lyn
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • 16-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 02-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 22-11 Workum van Vroeger en Nu
  • 13-11 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2011
  • 29-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 05-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 15-09 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 17-08 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 29-06 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2010
  • 25-12 út: In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 19-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 09-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 30-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 26-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2009
  • 01-12 In riedling oplost?
  • 01-12 Warkumer Keamer
  • 26-11 ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbol
  • 26-11 Oaljekoeken
  • 26-11 Oud Nieuws
    >> meer

  • 26 - 11 - 2009 - ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbolle yn it FRS

    ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbolle yn it FRS

     

    Yn 1938, op 11 maert om krekt to wêzen, waerd op de pleats fan Siebe Y. Haagsma oan it Fjouwerkant, sa ’t dy pleats doe ‘op ’e strjitte’ lokalisearre wurde koe, in bollekeal berne, dat de namme Adema krige en yn it Friesch Rundvee Stamboek kaem mei it nûmmer 25437.

    Dit keal wie in soan fan Adema 197, in preferinte bolle fan de forneamde bollefokker S.A. Knol út Hartwerd, en de mem - berne op Haagsma’s  pleats - wie Griet 33, dy ’t mei 82 punten yn it Stamboek stiet. De heit, mei in bêst foarteam, hie 88 punten. Doe ’t it keal krekt berne wie en Haagsma it bist ris neijer skôge, ûntglûpte him de opmerking: “fordomd, dizze hat in hiele wite sturt”. Dy seldsumheit soarge yn it deistich libben foar syn ‘ropnamme’: de Wytsturt. Haagsma, in famylje dy ’t al mear goede bollen yn it Stamboek hawn hie, bygelyks Bonte’s Athleet 17183 en Jan 7448, seach hwat mear yn dizze keallebolle. Trouwens yn it foarteam fan ‘de Wytsturt’ komt Jan 7448 ek foar; in kombinaesje mei Griet 3 levere ‘de Wytsturt’ syn oeroerbeppe Griet 10 op.

    As interbolle krige de ‘Wytsturt’ op Keuringsdei syn earste premie. Yn totael waerd dizze coryfee fan it romrofte swartbûnte Fryske fé trettjin kear bikroand. Hast oan ’e ein fan syn libben, hy waerd yn 1952 foargoed út ’e fokkerij helle, waerd er yn ’e winter fan 1951 preferint forklearre, en wol yn klasse B. Dat er noch by syn libben dit predikaet op syn treflike steat fan tsjinst byskriuwe koe, is net folle bollen oerkommen. De measte rom rispe de ‘Wytsturt’ yn de buorkerij fan earst A.T. Hettinga, Koarnjum, en benammen letter A. Talsma, Hallum. Lêstneamde fokker forneamde ‘de Wytsturt’ yn syn hiele bislach fé, dat weromgie op dizze bolle. Talsma hie in protte sukses mei him –syn dochters op dat bidriuw blieken bêste molkkij mei hege opbringsten - en as manlik neiteam fan ‘de Wytsturt’ kinne neamd wurde Anna’s Adema 35014, dy ’t yn 1954 preferint earste klasse waerd, en Harmke 28, in dochter fan ‘de Wytsturt’, levere út in kombinaesje mei niisneamde Anna’s Adema 35014, de letter bikende Wytsturt Anna’s Adema 2, 36080 NRS en mei as mem Gretha 11, waerd der berne Wytsturt Anna’s Adema 36079 NRS. Dizze beide ‘Wytsturt’ fortsjintwurdigers fan Talsma waerden forkocht oan de K.I. yn Stienwyk. Harren fokkerijprestaesjes wiene foar it NRS oanlieding om beide bollen it preferint predikaet ta to skikken, beide ek yn de categorie twadde klasse.


     



    << Terug
    Werfdehoop.nl    Makelaardij P.J. de Jong    Organische meststoffen Culterra    Bouma kraanverhuur    Op de hoek van de stal    Hunia's Drukkerij    Hogenelst Yachts Interiors    Fashion by Fré    
    Bleeker en Flapper Makelaardij    De Klameare    Thijs van der Meer Slagerij    Lines4boats.nl    link naar groenbloem    link naar hetstekeltje    HJG Verzekeringen Workum    Tapijthal F.M. de Boer Workum