HOME FOTO'S INFORMATION BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais

Archief:

2014
  • 19-09 Fiifensantich jier lyn
  • 19-09 Workum van Vroeger en Nu
  • 09-09 Fiifensantich jier lyn
  • 08-09 Workum van Vroeget en Nu
  • 05-09 Fiifensantich jier lyn
    >> meer

    2013
  • 26-12 Fyftich jier lyn
  • 21-12 Fyftich jier lyn
  • 15-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 11-12 Fyftich jier lyn
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • 16-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 02-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 22-11 Workum van Vroeger en Nu
  • 13-11 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2011
  • 29-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 05-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 15-09 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 17-08 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 29-06 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2010
  • 25-12 út: In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 19-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 09-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 30-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 26-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2009
  • 01-12 In riedling oplost?
  • 01-12 Warkumer Keamer
  • 26-11 ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbol
  • 26-11 Oaljekoeken
  • 26-11 Oud Nieuws
    >> meer

  • 28 - 05 - 2009 - De Ronde fan Warkum

    De Ronde fan Warkum
    Toarkjend sinneljocht tsjemzet lâns it brodzige, skieppewollene forwulft; near hjoed, miskien in tongerbuoi, aensens op it Dwarsnoard ropt, switflekken yn it crackfreestisele, al knûkelige boesgroen, de omropper de renners – nûmmers mei koaikerspjelden op ’e rêch prikt – nei de jister fan de start. Hastich kliuwt de jury, breedgalgich, op ’e frachtwein; it tearich dekkleed wurdt oan ’e kant reage wylst de kamprjochter earst. Noch gau in bolknak yn ’e brân  jaget. De renners, strakke koppen, kûten glêd, hurd, roppich stuiterbantsjend foar de streek, dy ’t ronfelich de blaukoperne strjitte midstwa partet as middenmank de skerpe rook fan dr. Sloans, dérailleuroalje en krekt jarre lân in jachtgewear heas dit kleurich lyts universum, nóch yn ’e losse stringen, yn twaën sjit. In skoech rekket, efkes mar, út de toeclip, knarseltoskjendKetlingen kreakje en stadich as ‘de Blauwe Ingel’ dieselet it peloton himsels op gong, krekt foar de Súdwesthoekebus út. Gau al balt de blikkene omropper sprintpreemjes – in ryksdaelder, in skimerlampe, in pear tubes, in poun droege woarst en soks mear - stjitterich oer itParcours. As in ilestiken carrousel fjouweret in snuvende kloft inRounte letter der sigeseagjend op ta, dan hieltiid fierder de middei yn, wylst de tiid hymjend krytwyt oer it rounteboerd wisket. Einliks los,waeijeret omtrint in snies koprinners as in keppel ûnbironge Arabieren, Noasters wiid en snuvend, oer de swarttarre Prystershoeke, dounset by ’t earnstichgrize Sint Gertrudis de bocht om, giselt as in blynkape wynhoas it Dwarsnoard wer op. Dêr!!, ynienen in reade Eroba toppet oer de fiskbonkige klinkerts, rekket it roastichgriene plantsoenstekje. “Stomkop, Sjoch potfordomme better út dyn doppen, kloat!” Grimmitige lilkens smoart yn ’e skille foar de lêste rounte. It publyk hinget longerich tsjin de touwen; by ‘de Zwaan’ gûle de remmen. Der dûkt ien op in pak strie, goudgiel as de trui fan Gastone Nencini. Mismoedich, knibbel tsjok en iepen, slach yn ’e tsjille, hinkelet er nei de garaezje fan de ‘Combinatie Stad Workum’ en sjocht noch krekt hoe ’t in matsjedoar yn swarte trui mei giele stjerren as earste oer de streek daveret.





    << Terug
    StringIT    Veiligheidzorg    De Klameare    Fashion by Fré    Lines4boats.nl    De Workumer Jachthaven    link naar groenbloem    Op de hoek van de stal    
    Thijs van der Meer Slagerij    Bouma kraanverhuur    Automobielbedrijf Siemonsma BV    Hunia's Drukkerij    Werfdehoop.nl    Hogenelst Yachts Interiors    Makelaardij P.J. de Jong    Organische meststoffen Culterra