HOME FOTO'S INFORMATION BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais

Archief:

2014
  • 20-10 Fiifensantich jier lyn
  • 20-10 Ut in Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 15-10 Workum van Vroeger en NU
  • 03-10 Fiifensantich jier lyn
  • 03-10 Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2013
  • 26-12 Fyftich jier lyn
  • 21-12 Fyftich jier lyn
  • 15-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 11-12 Fyftich jier lyn
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • 16-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 10-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 02-12 Workum van Vroeger en Nu
  • 22-11 Workum van Vroeger en Nu
  • 13-11 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2011
  • 29-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 05-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 15-09 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 17-08 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 29-06 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2010
  • 25-12 út: In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 19-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 09-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 30-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
  • 26-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
    >> meer

    2009
  • 01-12 In riedling oplost?
  • 01-12 Warkumer Keamer
  • 26-11 ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbol
  • 26-11 Oaljekoeken
  • 26-11 Oud Nieuws
    >> meer

  • 01 - 09 - 2010 - Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken

    In Belch yn Warkum

     


    Yn 1888 (22 jannewaris) waerd Frans Antoon van Dessel yn St.Katelijne Waver by Mechelen (België) berne. Doe ’t yn augustus 1914 de Groote Oorlog , sa ’t de Belgen sizze, útbruts, hise Frans van Dessel him yn it militaire habyt om syn heitelânske plichten nei to kommen.

     

    It unifoarm fan binammen it Belgyske leger hie doe noch it measte wei fan in soarte fan operettepak. Oer it ginnerael droegen de soldaten gjin helm, mar in learene hege hoed. Bikend is út dy tiid de foto fan in mitrailleursectie dy ’t foar it forfier fan in masinegewear hounen brûkt om de  karre to lûken. Nammers, by de alliearden hienen inkelde regiminten ek noch wol unifoarmen yn gebrûk dy ’t ‘Waterloo juny 1815’ meimakke hienen. Yn ’e rin fan 1915 wie de alliearde legerlieding safier dat de kleurige unifoarmen net mear biskikber wienen. De Dútskers hiene dat al earder dien en wienen yn ’14 foar it greatste part yn it saneamde ‘Feldgrau’ oer de grinzen fan Frankryk en België kommen. De karakteristieke Pickelhaube (de helm mei in punt derop) moast stadich plak romje foar de Stahlhelm. Mar dy Pickelhaube wie foar alliearde soldaten oars al in tige wurdearre souvenir.

     

    Frans van Dessel makke nei alle bitinken diel út fan de troepen dy ’t Antwerpen biskermje moasten. Doe ’t dy stêd op 10 october 1914 yn hannen kaem fan de Dútskers rekken in protte Belgyske soldaten op ’e flecht en bidarren meast oer Sélân yn it neutrael bleaune Nederlân. Hjir waerden flechtlingkampen ynrjochte, dêr ’t de Belgyske soldaten internearre waerden. Sels yn ús provinsje waerd sa ’n kamp ynrjochte en wol yn it Gaesterlânske. Ien fan de biwenners fan dat kamp waerd Frans van Dessel.

     

    Yn it earstoan hiene dy manlju net folle to dwaen, piip smoke, kaerte, ‘krinkje spuije’, mar doe ’t de kriich langer duorre en it Nederlânske leger dus langer mobilisearre bleau, kaem der krapte oan mankrêft yn ûnder mear de yndustry. Om dêr eat oan to dwaen waerden op bygelyks skipshelling ‘de Hoop’ yn Warkum in stik of hwat fan dy Belgyske militairen út dat Gaesterlânske kamp as arbeider oanhelle. Sa bidarre Frans van Dessel yn 1917 by de izerhelling fan Zwolsman oan de Hearekeunst. Hy komt – njonken lânslju, hwant hy wie net de ienige ‘gastarbeider’ op dy helling - foar op de leanlisten dy ’t fan dat bidriuw, ien fan de greatste wurkjowers fan doe yn de stêd, biwarre bleaun binne.

     

    Frans van Dessel, ‘ambtshalve’ seit de gemeente per 11.12.1917 yn it bifolkingsregister fan Warkum ynskreaun op it adres F79 (tsjintwurdich Sylspaed 61), krige hjir yn Warkum forkearing mei Ida Mintje Hoekstra. Hja wie berne 22 maert 1900 en in dochter fan Jotje Hoekstra en Lijkeltje van Keimpema. Hja trouden op 5 jannewaris 1918 yn Warkum. Nei ’t de wapenstilstân op 11.11.1918 tekene wie, gienen stadichoan alle flechtlingen wer op hûs oan.

     

    Frans en Ida krigen twa jongens, de âldste Joannes Louis - Wannes neamd - wie noch yn Gaesterlân berne op 4 juni 1918 en de jongste Jan Jotje, mar Jokke neamd, waerd op 17 jannewaris 1921 yn

    St. Katelijne Waver berne.

    De húshâlding van Frans van Dessel is ‘ambtshalve’ op 14.1.1919 wer út it register fan Warkum útskreaun nei België ta. Dy beide mantsjes hawwe harren heit, dy ’t graech in pint bier yn it café dronk, mar kwalik kend. Hy, dêrre oan wurk slagge by it Spoar, forstoar yn 1926. Ida hie in protte muoite om de holle boppe wetter to hâlden en bisleat einliks om nei hûs werom te gean, nei Warkum; neffens it bifolkingsregister barde dat op 16.4.1931. Hja wenne op F 41, 45, 31, en 34, tsjintwurdich Sylspaed 28, 38, 8 en 14. Ida van Dessel-Hoekstra arbeide as strykster op de waskerij ‘Sirius’ oan de Spoardyk. Op 11 septimber 1951 forstoar hja yn it sikehûs yn Snits en waerd bigroeven op it hôf oan de Spoardyk. En neffens ’t yn  België wenst wie, stie in foto fan har op har grêfstien.

    Underwilens is har grêf al in tal jierren net mear to finen. Nuveraerdich is dat Wannes en Jokke beide in faem út Fryslân – respectivelijk út Aldemardum, en út Warkum – mei nei België namen, nei it berteplak fan harren heit. Neiteam fan dy manlju – dat noch altiid Frysk forstiet (de soan fan Jokke praet it suver sûnder aksint) wennet noch altiid yn Mechelen, ea it wenplak fan de landvoogdes, de fortsjintwurdiger fan de kening fan Spanje.

     







    << Terug
    Bouwbedrijf J. de Boer    De Galerie    link naar hetstekeltje    Hunia's Drukkerij    Fashion by Fré    Op de hoek van de stal    HJG Verzekeringen Workum    Thijs van der Meer Slagerij    
    Veiligheidzorg    Organische meststoffen Culterra    Automobielbedrijf Siemonsma BV    De Workumer Jachthaven    Hogenelst Yachts Interiors    Bleeker en Flapper Makelaardij    link naar groenbloem    Makelaardij P.J. de Jong