Archief:
2013 22-05 Fyftich jier lyn
19-05 Workum van Toen en Nu
16-05 Fyftich jier lyn
13-05 Workum van Vroeger en Nu
08-05 Fyftich jier lyn
>> meer
2012 16-12 Workum van Vroeger en Nu
10-12 Workum van Vroeger en Nu
02-12 Workum van Vroeger en Nu
22-11 Workum van Vroeger en Nu
13-11 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
>> meer
2011 29-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
05-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
15-09 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
17-08 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
29-06 Út In Kroadfol Singeliere Brijbekken
>> meer
2010 25-12 út: In Kroadfol Singeliere Brijbekken
19-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
09-12 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
30-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
26-11 Ut In Kroadfol Singeliere Brijbekken
>> meer
2009 01-12 In riedling oplost?
01-12 Warkumer Keamer
26-11 ‘De Wytsturt’, in Warkumer stamboekbol
26-11 Oaljekoeken
26-11 Oud Nieuws
>> meer
|
25 - 05 - 2009 - De Ballade fan Sinkel
De Ballade fan Sinkel(of de wûndere paden fan it lot)
Joseph Sinkel, in lapkepoep út Cloppenburg Siet it hanneljen yn bonken en murch. As hantsjemier kaem er mei syn bruorren rinde út Dútsklân wei, Yn in koer op ’e rêch namen hja moaie stoffen mei. Stiloan wreide de negoasje him út en gie d’ omset omheech, Mar it gepoatel mei in swiere marse waerd harren to dreech. Wy soene, ornearre Anton, de âldste, ek ús brea fortsjinje kinne As wy, tinkt my, in winkel bigjinne. Dan moatt’ w’ ús net biheine ta lekkens en doeken, Mar ek figematten forkeapje en rûkersguod, broeken, Hoazzen, himden, skuon, galgen, wyn, petten, Dêrnjonken konfeksjeklean, bêdden, korsetten. Letter ek salven en swieteprikke tsjin jicht, snobberij, Kachels, pillen, figen, papier en hwat smokerij. Sa ’t it patroan naeid waerd, wie it ek snien: Anno 1822 waerd it suteljen mei de koer oan ’e kant dien. Tonei waerden stoffen by ’t weinfol op ’e Leipziger Messe kocht, Dêr ’t Anton, mei hynsder en wein, elts jier in bisite oan brocht. ’t Earste Sinkelmagazyn yn Amsterdam roun daliks as ’t spoar, Moarnsier stie op de Nieuwendijk al folk foar de doar. Dat nijs fleach as diggelfjûr troch de buorren, Lûkte noch mear folk nei it warehûs fan de bruorren. De jildsjitter, earst erchtinkend, sykhelle forromme Hwant sûnder tûkelteammen wie it skiep troch de daem kommen. Dizze earste wol as revolusionair to bineamen sprút Waechste ta in hannelsimperium út.Ljouwert krige 1827 op ’e Nijstêd in filiael fan ’t Magazyn En dêr swaeiden Hermann en Joseph de skepter yn. De oare inten oan de Sinkelstam Waerden Utert, Leijen, De Haech en Rotterdam.
Mar op in reis ein desimber mei ’t fearskip út Harns Griep, wy skriuwe 1832, it Needlot syn kâns. Mei kalme wyn sylde it skip de haven út. Joseph, oktober krekt troud, siet stoareagjend foar ’t rút. Ienris op sé boaze de wyn nochal oan, Hy gûlde troch ’t want op driigjende toan. It skip bigoun op de weagen to stampen, Joseph waerd mislik en krige krampen. Hy stapte oerein, woe nei bûten ta Hwant hy moast pisje en frisse lucht ha. Yn de warring fan de stampende aek Stie er to hispeljen mei syn broek, koarre omraek. Wylst brûsden hege weagen om en oer ’t skip Hwat der wier barde, nimmen dy ’t it wit. Moast er him loslitte om de broek ticht to dwaen, En krige it skip doe fan de weagen in wraem? Mei in yslike gjalp, dy ’t gjinien heard hat, Hat it Needlot him doe – 34 jier âld - by de kraech pakt. Op hwat wy neame it Gaesterstrân Spielde âlde maeije 1833 in lichem oan. Op in haeiwein waerd it omskot nei Warkum ta brocht En troch de chirurgijn yn de Waech ûndersocht. It bliek Joseph Sinkel, dy fan de winkel, to wêzen. It drama stiet, hiel koart, op syn grêfstien to lêzen. Dy middei tôgen de dragers mei de bier it Skil yn it roun, Nei trije omgongen waerd er bidobb’ yn syn grêf yn ’e groun. It skaed fan it lot foel al bitiid oer him hinne En neffens de Griken kin gjinien dat ûntrinne. Dus minske bitink: bigjinst nei de lodde to rûken, Sil Charon mei gauwens dy yn syn boatsje de Styx oer lûke. 
<< Terug
|