STARTSEITE FOTO'S INFORMATION BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2019
  • Geef kapotte spullen toch een tweede k
  • Nijefurd Sjongt te horen in Haarlem
  • Interessante expositie nu in Nij Marië
  • Oud-Workum gaat herleven
  • Kettingbrege omstreeks 1910
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

    2006
  • Workum 3-ers weer actief tijdens Rock
  • Soal by Warkum moat útbaggere
  • Mjorette en twirlvereniging Twisters u
  • Lintje voor Willem IJntema
  • Restauratiesubsidie voor spinnekop mol
    >> meer

  • 18 - 06 - 2013 - Oantinkenfestival

    Yn de earste wike fan july komt wer in protte folk fan utens op Warkum del. Ek dit jier stiet dan de Warkumer flagge op de toer ta gelegenheid fan de Ald-Warkumerdagen.
    Wat sykje al dy lju dan doch yn dat stedsje dêr tusken de marren yn 'e Súdwesthoeke? Hja komme byinoar om te fergaderjen,  lekker te iten, mei de boat de marren op, mar boppe-al om mei inoar har tinzen gean te litten oer eardere tiden, doe't se noch jong wienen en ûnskuldich, en hoe't Warkum en omkriten der doedestiids hinne lei en wa't der wennen. 
    Alwer hast tsien jier lyn waard der in lyts groepke Ald-Warkumers warber op ynspiraasje fan de romrofte rubryk yn de lokale Friso-krante, neamd Fyftich Jier Lyn (FJL). By it waarme jûnsmiel yn de Klameare wisten hja mei âlde films, lieten en teksten oantinkens oan har jonges tiid op te heljen. Soks joech faak safolle opskuor en weemoedigens, dat der de oare deis op de boat noch lang oer neipraat waard.
    Fyftich jier lyn dat gong doe yn it begjin dus oer de fyftiger jierren, noch net sa lang nei de oarloch, doe't der fan alles barde yn 'e wrâld en sa ek yn Warkum. It wienen bygelyks oantinkens
    oan de winkels en winkelmannen en froulju  mei har klandyzje,
    oan jierlikse feesten mei optochten en sierweinen en de avondvierdaagse,
    oan al dy skoallen fan bewaarskoalle oant de mulo ta,
    oan it âlde stasjon by de nije bûterfabryk en
    oan de plakjes foar opslûpte jonges en fankes yn de Tillefonne stege en fierder efter de Makkumerdyk.
    In ryk patroan fan oantinkens spriek út de markante columns fan Cor Hunia, de  âlde, bytiden tige oandwaanlike filmkes fan Andries Vlas silger, letter de nijsgjirrige fotoreportaazjes fan Henk Gorter en dan no de lêste jierren de ûnferjitlike muzyk op piano en oargel fan Harry Mast. It waard oaninoar praat troch Frank Dijkstra en sa belibben wy wer dy tiid, doe't we fan alles foar 't earst belibben.
    Foar ús, Cor, Henk, Harry en Frank, is no dy tiid ek alwer foarby. Foar de lêste kear wolle wy nochris op de lêste tsien jier Ald-Warkumer dagen werom sjen. Mei in optreden middeis op 2 july fan fiif oant seis oere (nei de iepenings gearkomst en foar it jûnsmiel) yn de Gruttsjerke. Mei foto's en sjonge by muzyk op piano en it manjefike oargel en praatsjes oer  ûnthâlde en ferjitte, oer leafde en leauwe, oer  Warkumers en  Warkum eartiids sels fansels.
    Mar ek mei in oprop oan de nije generaasje fan jongere Ald-Warkumers dy't fan alles fertelle kinne oer de sechstiger en santiger jierren, doe't de wrâld alwer yngeand feroare en sa ek wer yn Warkum. Elkenien is wolkom om dit Oantinkenfestival by te wenjen, mei te sjongen  en mei inoar ús jonges en fankes tiid opnij te belibjen. En it is noch fergees ek.

    Cor Hunia
    Henk Gorter
    Harry Mast
    Frank Dijkstra



    << Terug
    Touristinfo

    Roelof Fopma    NEDCAD    
    Bouma kraanverhuur    Klameare Workum    
    link naar groenbloem    Organische meststoffen Culterra    
    WJH Yachtservice    Op de hoek van de stal    
    Fasion by Fre    Glashandel Sneek    
    Tapijthal Workum    Hulpteugel Vrijwilligersrooster    
    Thijs van der Meer Slagerij