SITE FOTO'S INFORMATION BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2019
  • Op zondag 29 september stijlvol afsche
  • Op scholen en sport Workum veel tekort
  • Oude behangsels in vroegere stadhuis
  • Van nieuwe B&B en By Alberts
  • Wennemars: 'wakker blijven'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

    2006
  • Workum 3-ers weer actief tijdens Rock
  • Soal by Warkum moat útbaggere
  • Mjorette en twirlvereniging Twisters u
  • Lintje voor Willem IJntema
  • Restauratiesubsidie voor spinnekop mol
    >> meer

  • 05 - 10 - 2011 - Niet kneppelje mar keppelje

     

    Jan Pieter Dykstra

     

    Sneon-to-middei tsjoent de sinne lange skaden op de Merk as der in man oer strjitte panderet yn in swart lekkens pak, hege sidene op - tsjin dwyl wurden fan de sinne, tink, of miskien om mei dizze gleonte  foar to kommen dat de harsens koaitsje sil. Sa nou en dan stiet er stil, lit de skille dy ’t er by him hat rinkelje. Falt it lûd stil dan lûkt er de mûle iepen en bigjint mei in stim as in roastige tongerbuoi it nijsgjirrige publyk, dat op de terrassen sit of op strjitte stiet to sjen, to forheljen dat de bus mei folk, artisten en muzikanten op kommende wei is. Nei in hoart arrivearret der in twagudske, in ein, of 2CV, mei in pear utwrydsk klaeide froulju, dy ’t der op it earste gesicht útsjogge as soene hja mei in tsjettel kofje nei de hantsjemieren yn it haeilân ta. En wrachtsjes, yn de Begine is it sonoare lûd fan in dieselbus to biharkjen dy ’t mei fordrach bylâns de tûkelteammen yn dat strjitsje lavearret. In bûnt selskip manlju en froulju komt ta it fehykel út, jong en âld en der tuskenyn. In frommiske op hege hakken mei in fiedel, in akkordeon en der wurdt songen. In pear froulju as in lôge, miskien wol mei as twadde tûke in winkeltsje ûnder de skelk - hwat yn dizze binearjende ekonomyske tiden gjin skande is - fûstkje hjir en dêr mei it publyk. Dan blykt, sa ’t ien fan it reizgersselskip docht to witten, dat it hjir giet om in lânforhuzer, dy ’t noch ienris út Canada wei mei syn neiteam nei syn bertegroun woe. Dat is yn syn gefal de stêd Boalswert. Mar neffens de âld man is de stêd bot foroare. Wer bin ik tolânne kommen, freget er tomûk oan it publyk. De ynformaesje fan syn selskip hat er dus net it measte bitrouwen yn. Bokwerd, wurdt neamd, mar ek Boalswert, faeks om ’e stakker net alhiel fan ’t sintrum to bringen. Nammers, mochten bern en famylje tinke dat er yn syn bernskens is, dan ha hja it mis. Mar hiel Fryslân is rampoai makke, nei de barrebysjes holpen, dat hat er al wol ûnderweis út de bus wei sjoen. Hokfoar âldfrinzige wurden binne dat nou, pake. Dat is fansels net cool, hear. Pake skarrelet mei de rollator nei it sintrum fan de Merk, sil in rede ôfstekke. Dat alteast hat er yn ’e holle. Mar earst op de foto foar it famyljearchyf, fansels. Omke, muoike, miich, de hiele krún fan syn stambeam stiet der proastich op, of net. Ien út publyk giet der ek tusken stean. It kin allegaer yn dit sjongspul. Dan is it safier, de alde kneppeler, hwant hy wie, blykt, der by, dy 16e novimber 1951, klattert in treppen op. Sjocht it hear oer. “Jawis”, klinkt it aerdich fier yn it roun, “wy hawwe der noed foar stien. Foar ús tael, ús kultuer, ús Fryslân. Mar it liket wol oft it dêr ek by bleaun is. Hawwe wy ús doe dy 16e novimber om ’e nocht fan de Hermandad mei de bollepyst koeienearje litten? Hawar, ik bigryp der hjoed net folle mear fan, ik hie faeks better net werom komme moatten. De wrâld draeit fierder, stiet nea stil. It Fryslân fan doe dat haw ik leau ’k yn Canada to lang fêst hâlden. Doe batsten wy deryn. Hat it holpen, dy pear dagen yn de petoet? Ik wit it net. Fryslân is yn elts gefal foroare. Prate jimme noch Frysk? Hat dy Kneppelfreed dan, hearken noch ’n ta, dochs hwat opsmiten? As ik dy snotnoazen hjirre hear hâlde dy harren mei hiel oare dingen dwaende. Keppelje dat makket ien letter forskil út. Ach, dat is miskien ek better. Lykwols, jimme woenen my to fiter hawwe, hwant ik wit bliksemsgoed dat dit net Boalswert is. Mar ik wol eins wol nei hûs ta, ik haw it hjir wol bisjoen”. Ut selskip pakte mei in protte bombaerje yn, klattere yn de bus en fordwoun toeterjend en jûchheijend nei nije wike earne oars om to keppeljen. It publyk gnyske en hantsjeklapte, bimuoide him wer mei bier, kofje, kroket.

    Under de Waech gienen de praetmieren fierder mei harren kommintaer op de wrâld.

     Zaterdagmiddag verschenen een rode bus en een ‘lelijk eendje’ op de Merk in Workum. Aangemeld door een stadsomroeper werd door een aparte familie, ’de Bildstars’, de verjaardag van de grootvader gevierd. Het basisidee was ‘net kneppelje, mar ferbine en ynspirearje’. Dit naar aanleiding van de herdenking van Kneppelfreed, zestig jaar geleden. Deze herdenking wordt beheerst door ´keppelje´ en niet ´kneppelje´, zoals in 1951 dus. De Friese ziel en taal: wees jezelf. Een fleurige voorstelling met theater, zomaar, midden op straat, voor jong en oud. En de toegang was gratis. Foto Henk Gorter.

    Bron: Workumer Krant Friso

     



    << Terug
    Touristinfo

    WJH Yachtservice    Hulpteugel Vrijwilligersrooster    
    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema    Thijs van der Meer Slagerij    
    Op de hoek van de stal    link naar groenbloem    
    Jopie Huisman Museum    Bouma kraanverhuur    
    Touwspecialist    Organische meststoffen Culterra    
    Roelof Fopma    NEDCAD    
    Glashandel Sneek