SITE FOTO'S INFORMATION BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2019
  • De ‘Groupe des Six’
  • Merk 1890
  • 11 en 18 september
  • Leuke spelavond in café Spoarsicht
  • Op zondag 29 september stijlvol afsche
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

    2006
  • Workum 3-ers weer actief tijdens Rock
  • Soal by Warkum moat útbaggere
  • Mjorette en twirlvereniging Twisters u
  • Lintje voor Willem IJntema
  • Restauratiesubsidie voor spinnekop mol
    >> meer

  • 08 - 12 - 2017 - Ofsluting van fékeuring fan dit jier

    Ofsluting van fékeuring fan dit jier

     

    Ofskie fan Anja Kuipers en Durk Ybema

    http://www.workum.nl/images/upload/workum10/6852.jpg

    Jan Pieter Dykstra

    Yn 1998 krige Durk Ybema in sit yn de doe noch bisteande Commissie van Bijstand fan de Fékeuringskommisje Warkum. Dat koe hast net oars as men syn libbensrin bisjocht, sei Kommisjeoarsitter Klaas Bakker freed-to-joun by de offysjele ôfsluting fan de edysje 2017 yn Sociëteit Noardeinde. Durk is yntroud (sûnt 1975 bliek letter op ’e joun) by de Van der Valk-dynasty. Dy spile doe, 1998, al mear as fyftich jier – en noch altiid - in promininte rol yn it Warkumer keuringsbarren. Twa jier letter waerd syn skoanheit earelid fan de Kommisje. Sa ’n eftergroun smyt forplichtings op, dy ’t Durk op syn eigen wize oppakt en ynfolling jown hat. Nou waerd nei 19 jier trouwe tsjinst ôfskie fan him nommen. De lêste jierren wiene muoi-sum omt er mei syn sounens yn tsjok waer rekke. Dat makke it bi-slút om to stopjen makliker. Soms, sei Bakker, seine wy wolris, Durk, kom hwat letter of slaen in kear oer. Mar dat sit net yn it bistke syn aerd en in minske hat rjocht op syn eigenaerdichheden. Koart oereidzjend: tige tank foar alles datst foar de Kommisje en de keuring dien hast.  Ek Anja Kuipers-Kemker is yntroud yn in famylje dy ’t al fier foar de oarloch – en nou noch – mei fé nei de keuring komt. Yn 2002 kaem se yn de Kommisje. Dat jier gjin kij, mar pony’s omt de MKZ-maetregels fan 2001 (ek gjin kij) noch neidripten. Binammen har oanpart yn de ynterne Feestkommisje, dy ’t elk jier ynstallearre wurdt om dizze joun mei stal to jaen, is hast wol legindarysk. Ideeën by de rûs en it giet har net gau to mâl. Beide pommeranten moasten fansels foar it buordsje komme en krigen in fraei ‘konterfeitsel’, in portret mei de bikende koartswilige knypeach fan de hân fan Henk de Boer. It foel inkelde oanwêzigen op dat Durk der suver hwat Wiegeliaensk op stie… Foar Janke fan Durk wie der in moai bosk blommen; foar Anja har Julius in heale meter droege woarst. Boppedat tank foar de tiid dy ’t harren ‘sydsulvers’ yn de Kommisje stekke mochten.

     

    De prizen waerden oan de fokkers mei in lytse karakteristiek fan de risseltaten útrikt troch Tseard Stellingwerf en Luutzen Stellingwerff. De ôffurdige fan hoofdsponsor Rabobank oerlange de priis foar de ko mei it bêste jaer, Olga 9, oan eigner maetskip Stellingwerff.

     

    De feestkommisje hie de fordivedaesje om it ôfskie fan de beide útstappers hinne stal jown. Derta wie yn harren kommisjeforline omdold. Dat hie in tsiental fragen oan de seal opsmiten, dy ’t mei in ‘petsje’ op of ôf – in blau plastic hoeske foar de skuon, dy ’t yn it swimbad brûkt wurde – foar it goede antwurd kieze moasten. Dy ‘slach’ wie foar Froukje Dykstra fan Himmelom, ek noch – it sil pûr tafallich wêze – lid fan de Kommisje. Of hat it fenomeen matchfixing hjir poat oan de groun krigen?

     

    Cineast Tjitte Ketelaar hie in ôflevering makke fan ‘Veekeuring TV’, mei Gettsje Stellingwerff as de

    pleatslike Noraly Beijer. Yn de foarm fan fraechpetearen troch Kommisjelid Pieter Westra mei bisikers fan Keuringsdei krigen wy nochris in lyts weromsjoch op de dei. Boppedat hie er by twa ynstjûrders op it hiem west om in bidriuwspresintaesje to meit-

    sjen. Arjen Kampen wie mei for-

    tsjintwurdigers út it Bûtenhôf Theresa-laech op de Merk. De priis foar de bêste kolleksje, mei twa dames út dat laech, nûmer 512 en 521, en Ciska 127 en Jenny 137, wie foar him. De reservekampioen Jonge Keallen wie ek in Theresa, ntl. nûmer 575. Decennia tobek kaem heit Lolke mei Theresa’s foar it ljocht, ek doe kampioenen. De oare fokker wie famylje Jansen, It Surein, Parregea. Ek dy kaem mei in kampioen - rubryk Aldere Kij - thús, ntl. Juweeltje 188. Forline jier wie dizze klasbak kampioen by de Jonge Kij. Beide fokkers joegen in koart oersjoch fan hoe ’t harren bidriuwen har yn de rin fan de jierren ûntwikkele hawwe. Beide ha bewust gjin robot yn de stal boud. Se wolle sels de leije yn hannen hawwe as it om it melken giet. Alles tige ynoarder en oprêdden.

    Yn syn wolkomstwurd trune Bakker de fokkers oan om harren bidriuwen iepen to stellen foar bilangstellenden. Neffens him is dat nedig omt der oer it ginnerael net like posityf oer boeren sprutsen wurdt. Op Keuringsdei litte jim oan tûzenen minsken sjen, sei sprekker, mei hoefolle omtinken en tagedienens jimme mei it fé dwaende binne. Jimme fokkerij is it bisjen wurdich, jimme bidriuwen ek. Imago, der draeit it om om saken foarinoar/foroare to krijen. Jimme binne fan greate bitsjutting foar ús ekonomy, by âlds wie dat al sa en nou noch. De féhalderij, suvel, ikkerbou, túnbou, fiskerij, hwat soe de wrâld der sûnder moatte?

    Lit it folk, de toerist (hoewol: hjir en dêr forsûpt de wrâld der al yn) yn jimme moderne stâllen. Fortel dat dy kij topsporters binne, hwat dat bitsjut en hoe folle oandacht, leafde ensafh. it kostet om it safier to krijen. Juweeltje 188 (Jansen) is in Prima Donna, hat koartlyn it predikaet Excellent mei 90 punten helle. K Aaltje 99 fan famylje Stellingwerf-Valk, Koudum, sûnder mis de keninginne fan dizze keuring. Krige dit jier de CRV Rendemintspriis en hat koartlyn, 16 jier âld!!, definityf de Ster 3-kwalifikaesje bihelle, mei in jaer – 90 punten! - dat kwalik wryt of slyt toant. Dêr binne nou fiif kij in Nederlân dy ’t sa bikroand binne!

     

    Machtich as de miggen komt it folk om jim kij en hynsders to sjen. In spektakel fan de boppeste planke. De keuring libbet troch jimme enthousiasme, dat is dúdlik. Gjin noed dat wy sa yn allle fleur de 120e edysje helje, mei sa bliek út it petear mei oaljekoekenbakker John Werkman yn ‘Veekeuring TV’ dan tagelyk 100 jier Oaljekoeken fan Koopal (bistiet al sûnt 1867) op de Wimerts. It bisleek foar in feestje wurdt al oer stind.



    << Terug
    Touristinfo

    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema    Thijs van der Meer Slagerij    
    Hulpteugel Vrijwilligersrooster    NEDCAD    
    Tapijthal Workum    Organische meststoffen Culterra    
    Op de hoek van de stal    Glashandel Sneek    
    Bouma kraanverhuur    link naar groenbloem    
    Touwspecialist    Hunia's Drukkerij    
    Fasion by Fre