FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2019
  • Noard 116
  • 16 oktober
  • Begine geniet van straatprijs
  • Gevaren van afleiding virtueel ervaren
  • Liereliet wordt luisterrijk gevierd
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

    2006
  • Workum 3-ers weer actief tijdens Rock
  • Soal by Warkum moat útbaggere
  • Mjorette en twirlvereniging Twisters u
  • Lintje voor Willem IJntema
  • Restauratiesubsidie voor spinnekop mol
    >> meer

  • 18 - 05 - 2011 - Simmerjûnswille mei it skouke

    Jan Pieter Dykstra

     

    Benammen de fragminten út ‘Lytse histoarje fan langst’ de lêste literêre wetterslach dy ’t ferskynd is fan Bennie Huisman, foarme de reade jaachline yn it literêr-muzikaal programme dat de titel ‘it skouke fan pake’ mei krigen hat. Yn dizze roman kipet de skriuwer/muzikant/foardrager yn de persoan fan Thomas sels eins fan de bûkdelling ôf nei it libben dat er libbe hat of krekt ek net. Mar der sitte biografyske eleminten yn en dan kin yn sa ’n gefal gau it préfix ‘auto’ der foar oan taheakke wurde.

     

    Wa ’t nijsgjirrich is oer dy skaaimerken kin better it niisneamde boek oantuge dan te seil gean op de oantinkens oan dy foarlêzen snypsnaren. Huisman wikselt dy lytse ‘sigentsjes’ út dat wurk ôf mei sankjes dy’t jin kwa muzikale útfiering bitiden suver forfarre litte nei it djippe suden fan Amearika, ea it lân fan dream en winsken fan ek hûnderten lâns-lju, dy ’t de sprong oer de greate puozze weagen. Ragtime-eftige begelieding fan himsels oan de piano, dan wer mei it mankelikense lûd fan syn akkordeon, komme de tiden fan Mark Twain oandriuwen dy ’t yn Huckleberry Finn en Tom Sawyer stâl krigen hawwe. Harksankjes brocht ek de Warkumer formaasje ‘The Doarmers’oer it fuotljocht. Dizze trije bitûfte muzikanten holden de jaadchline strak, stroffelen net oer de tûken, stikken pún dy’t it jaachpaad wolris op ûnferwachte plakken foar de trêders op beskúl lizzen hat. Ieke van der Wal-Bakker, Maarten Smit en Hille Faber hawwe sa te sizzen it patint op de lieten fan de Greonterpster dichter/skilder Gerben Rypma, ek in man dy ’t niget oan – en ûntsach foar - wyn en wetter hie. Dy op muzyk (Hille syn oanpart benammen) sette gedichten wiene in perfekte bagaazje yn it mei ek fan anek-doates en folksferhalen beladen skouke fan pake. Om op dy pake – fan 1889 – fan Huisman werom te kommen. Hy wie in man mei twa rjochterhannen en ien fan de skaaimerken fan dy betûftens om jin mei dy lichemsdielen in plakje yn de maatskippij feroverje te kinnen wie dat pake – els ek fan dy lytse beheining trochkrongen – sei dat hout altiid trochswit. Ek it skouke dat er foar syn pakesizzer makke, hie lêst fan dy eigenaardichheid. Mar dat is no ienris it risiko fan natuerlike materialen, woe pake dêr mar mei sizze.

     

    Foar dy anekdoates en folksferhalen wie Douwe Kootstra de roergonger. Hy slûpte suver hoasfuotling oer de bûkdelling yn de Klameare, dêr’t it skouke yn in soarte fan arke feroare wie. Trêde mei gebeart en mimyk troch en bylâns it publyk dat geandewei syn ferhalen ûnder de betsjoening kaam en fyn gnys-kjend reagearre op in fyt of de clou fan in ferhaal. Bygelyks dat fan de fan syn wiif him tawinske waarmebroadsjedea fan de smid fan de Gerdyk, dat sûnder in protte tûkelteammen ferfard wurde kin nei it Sylspaed yn Warkum, of de omjouwing fan de haven fan Hynljippen. It skouke dat yn in goed wike troch Fryslân farket past prachtich yn it ramt fan simmerjûnswille. As besûnderheid kin skreaun wurde dat foar elke reis nije matroazen it haam fan de jaachline omstrûpe sille. Ek it spontane optreden fan in diel fan it auditorium, froulju dy ’t sjonge as klysters yn it koar fan de fiskersfroulju, wie in boppeslach en passe goed yn it programma. In moai inysjatyf fan de man dy ’t mei in eigen fersy fan ‘Roazen binn’road’- in hit út de jierren sechstich - al daliks de seal op de lije side krige en mei de wite walfisk Moby Dick fan Herman Melville Wybren Altena fan Makkum – dichter foardrager - muzikaal in libben joech en dat lykas de oare fan Huisman ynhierde opstappers mei fleur en faasje die.

     

    It wie al by alven dat in antike Saab stadich de Alddyk opried folge fan de kontoeren fan it skouke fan pake, dat yn de turbulinsje fan de tsjintwurdige tiid en foar it gemak fan de reizger omtsjoend wie yn in lisfyts, dêr ’t de skipper, sa no en dan lavearjend, noflik op lizzend syn lêste krêften fan de dei romte joech. Krekt foar it spoar dûkte it ‘konvooi’ de bedelte yn, waard wei yn strewelleguod. Noch efkes knipten lampen oan, en wer út. It skouke  wie foar in nacht te plak.

    Bron: Workumer Krant Friso

    Foto: Jan Pieter Dykstra

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     

     



    << Terug
    Touristinfo

    Hulpteugel Vrijwilligersrooster    Organische meststoffen Culterra    
    Makelaardij P.J. de Jong    Klameare Workum    
    Glashandel Sneek    Fasion by Fre    
    Touwspecialist    Bouma kraanverhuur    
    Jopie Huisman Museum    link naar groenbloem    
    Hunia's Drukkerij    Tapijthal Workum    
    NEDCAD