08 - 07 - 2009 - Oantinken oan Ulco
Oantinken oan Ulco
D’ iepen klasse inkelspan Frysk ras
Waerd, al hat Ramona ’t faek prebearre,
Jierren troch Ulco dominearre,
Hy wie de bêste, in tuger earste klas
Net ien, mar wol in kear of sawn
Bidarre ’t kampioenslint op de buorkerij
Fan Klaes Postma oan de Slinkewei:
Ulco wie de bêste fan it hiele lân!
Kaem er op Keuringsdei foar eigen folk yn de baen
Mocht Jan Robijns him faek it oranje oan ’e swipe dwaen.
Sa waerd dizze rún de primus inter pares
Mei sels in pear gouden swipen op syn palmares.
Oant nou hat Warkum net wer sa ’n tuger hawn.
En lykas de hurddraver Mâlle Jan,*
Dy’t wol 35 swipen, goud of sulver, woun
Biheart dizze rún ta de rom fan Fryslâns groun.
* libbe trêdde fearn fan de 18e ieu, wie doe eigendom fan de Warkumer
boargemaster Hette Eelkes Altena. It bist waerd letter forkocht
oan in keapman út Amsterdam. De oerdracht fan dit doe yn hiel
Fryslân bikende hynsder barde by de herberch dy ’t op de ‘Hoek
fan’e Stâl’ stie en dyselde namme hie.De pleats (sette
litten yn 1876 troch T. Ybema) op dat plak fiert ek dy namme en
wurdt tsjintwurdich bibuorke fan famylje Jacob van der Valk. 
<< Terug
|