HOME FOTO'S INFORMATIEF BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2019
  • Sportiviteit van onze voetbalclub belo
  • 20 maart
  • Leiders vv Workum heel representatief
  • Zusterstrijd van Anouk en Cisca op de
  • Berlikum gaat met 3-2 onderuit Workum
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

    2006
  • Workum 3-ers weer actief tijdens Rock
  • Soal by Warkum moat útbaggere
  • Mjorette en twirlvereniging Twisters u
  • Lintje voor Willem IJntema
  • Restauratiesubsidie voor spinnekop mol
    >> meer

  • 08 - 10 - 2008 - Eintsje libben, in stik fan Rients Gratama

    Op freed 31 oktober spilet Eintsje Libben fan Rients Gratama yn de Klameare yn Warkum. De foarstelling begjint om 20.15 oere. Kaarten binne te krijen Boekhandel het Boekhuis, telefoannûmer 0515-541314.

     

    Gratama skreau syn earste echte toanieltekst yn in humoristyske, mar ek tige teatrale en poëtyske taal. Ira Judkovskaja regissearret dizze reisfoarstelling en begeliedt dêrmei Rients yn syn eigen fertelling. Neist Rients Gratama steane Jan Arendz en Alyt Damstra yn Eintsje Libben. Roos van Geffen die de foarmjouwing, Anna Khodorovich de kostúms. Peter Sijbenga skreau de muzyk.

    Twa mannen ha krekt de frou fan har beiden begroeven. De iene wie mei har troud, de oare hold fan har. De iene wie dirigint, de oare boekhâlder. Se binne freonen, rivalen, needlotgenoaten en soms famylje fan mekoar. Se fertelle harren libben oan in famke. In famke dat krekt op dy dei op ‘e syk is nei in rjochting yn har libben. ‘De iene giet de wrâld yn om wat te sjen, de oare om wat te finen.’

    Rients Gratama hat yn de ôfrûne 50 jier in soad skreaun. Fan syn eigen kabaretfoarstellingen kaam sa’n 70% fan syn hân. Mar Eintsje Libben is syn earste echte toanieltekst. It is in tekst wurden mei humor en in protte muzikaliteit. Der sit ritme yn de taal. Rients oer taal: ‘In minsk moat mei taal bliidmoedich omgean as in fûgel mei sjongen.’

    Tryater tinget mei Eintsje Libben mei nei Toneel Publieksprijs. Toneelprodusinten wurdt elk jier frege om mei  te dwaan mei harren grutte seal produksjes. It is dit seizoen foar it earst dat der in Frysktalige produksje meidocht. Der binne 27 oare produksjes dy’t ek kâns meitsje op de Toneel Publieksprijs. Op spesjale stimjûnen kin it publyk dizze foarstellingen in sifer jaan. Der binne twa stimjûnen de foarstelling. Foar Eintsje Libben is dat op 11 oktober yn It Posthuis Theater op It Hearrenfean en op 16 oktober yn De Kaap yn Starum. Wurdearret it publyk de foarstelling mei in 8,1 of heger, dan wurdt dizze nominearre. Nei nominaasje folget in twadde, online stimronde. Op de webside fan de Toneel Publieksprijs kin it publyk alle nominearre foarstellingen op ‘e nij in wurdearringssifer jaan. De winner wurdt bekend makke tidens it Gala van het Nederlands Theater.

    By Eintsje Libben wurdt in tekstboekje útjûn. It tekstboekje is der kommen yn gearwurking mei De Moanne en wurdt ek mei it blêd meistjoerd nei de abonnees. It publyk fan Eintsje Libben kin it boekje keapje nei ôfrin fan de foarstellingen. Yn it tekstboekje is de tekst fan Rients Gratama yntegraal opnommen. Peter van de Witte, kabaretier en âld learling fan Rients, hat de oersetting op him nommen. Ek de Nederlânske tekst stiet yntegraal yn it boekje.



    << Terug
    Touristinfo

    Makelaardij P.J. de Jong    Thijs van der Meer Slagerij    
    Klameare Workum    Organische meststoffen Culterra    
    Tapijthal Workum    Touwspecialist    
    Jopie Huisman Museum    Roelof Fopma    
    Hunia's Drukkerij    Fasion by Fre    
    Glashandel Sneek    NEDCAD    
    link naar groenbloem