Home
Home Informatief Foto's Contact
09 - 11 - 2015 - Weromsjoch oer 60 jier

Weromsjoch oer 60 jier âld-Warkumers.

 

 

Yn it boekje fan Jan Pieter Dijkstra en Henk Gorter dat bij gelegendheid fan de 55e reüny útjoon is, wurd oan de han fan ús krantsje, earst “De Oud- Workumer, letter “De âld- Warkumer”, sa as  Jan Pieter skriuwt “55 jier oer eide”.

It soe tefolle tiid freegje om dat hjir allegear foar it fuotljocht te bringen, jim sille dat fest ek  leazen hawwe, it is in prachtige gearfetting fan ús feriening en in lust om te leazen.

Doch wol ik graach in pear dingen in herinnering roppe.

De oprjochters fan de feriening, dy ’t dus no alwer 60 jier tebek op de boppeseal fan de “Wynberch”de earste gearkomste holden, wine foarsitter Hindrik Glastra út Baarn, skriuwer Feitze de Vries út Haarlem en ponghâlder Piet Gras út Hilversum. Dit earste bestjûr hat in goed fûnemint ûnder de feriening lein.

Fan Feitze de Vries witte we dat hy in echte skiednisman wie, stikjes skreau en dichte. Sa as it gedicht oer de St. Werenfridustoer, it liet fan de âld-Warkumers en us “Ôfskiedsliet”  lieten die wy hjoed de dei noch altiid sjonge.

De lettere bestjoersfoarsitters wienen: Lute van der Zee, Tom Genee en Sjoerd Wagenaar en mei harren en alle oare bestjoersleden,skriuwers,ponghâlders en sa fierder, hawwe sy der foar soarge dat ús feriening libben bliuw. In stikmannich bestjoersleden út it ferline binne der hjoed by en in harren eare wy alle foargongers fan it deistige bestjoer. Derfoar applaus!

Ja, Warkum, ús berteplak, of plak wer wy ierder wenne ha of noch wenje lûkt altyd en as de flagge dan wer op de toer stiet dan giet ús hert wer iepen.

Sa as it Warkumer flaggeliet seit:

Sjoch, sjoch dy moaie flagge/ dy kleuren swart en giel/dy kleuren fol fan gloede/ it liket wol fluwiel/Wy binne tige bliid hjirmei/ en hâlde’m dan ek heech/as’t byld fan ús stedsje Warkum/sawol yn strjitte as yn steech.

Wy binne hjoed wer byinoar/op it feest fan de reuny/ wy komme út it hiele lân/ sawol út Delft as Overschie/ jong en âld,manlju en froulju/ it hert bliuwt jong en oan Warkum ferknocht/ dêrom ha wy dizze dagen ús moaie stedsje wer opsocht.

 Ferhalen oer eartiids en gedichten stoenen en stean in ús Âld-Warkumer wer mannich ien in feste rubryk fersoarge sa as Gé Vlas mei har ferhalen oer har berne- en skoalletiid, it húshimmeljen en har wederwaardichheden op it Súd.

Sa as: De Roggemolestege, Bewaarschool, SVW,, wettersport, het skrobjen fan de balstienen op ‘e Merk foar 10 goune. De Geboaden en de bongels fan frou de Vries, de Jukema’s, de Brânwacht ensafuorthinne.

Der is it herberch lied fan juffrou Hanne, dy’t mannichien fan ús kind hawwe: (ta ôfsluting fan de 30e reüny)

Looft Hoogema-prijst Teppema

Van Teppema naar Boersma ta

Van Boersma over het marktplein heen

Naar Oosterhof zijn blauwe steen

Van Oosterhof de Sociëteit

Zo raak je menig centje kwijt.

De reukjes fan Warkum troch Sietie Schaafsma-de Jong:

Wat rûkten wy froeger yn Warkum,der de noas no net mear oan te pas komt? ’t Kofjebrânen op e Merk,’t hoefbeslaan by Graafsma,Nauta en Molenaar, de petroaljewein fan Leyenaar en Ypke, de bakkers, de pik en tar fan baas Nolles.

De wenningen en harren bewenners op it Dwersnoard fan Andries Vogelsang.

En dan san ferhaal oer de steur fan Warkum. Lest seach ik op it nys dat der wer steurs útsetten binne, miskyn wurd der wer der ien by Warkums fongen. Dan wurd san âld ferhaal wer aktueel!

It binne mar in pear út in hiele rige fan ferhalefertellers en dichters die meiwurke hawwe oan ús Âld- Warkumer en derfoar hulde.

 As feriening binne wy faak ferhuze: fan de Wynberch, nei St. Joazef, fan de Smidte nei de Klameare en it oare jier promofierje wy nei it Stedshûs.  Sa geane wy ek mei de tiid mei.

60 ledefergaderingen, 59 boattochten, 59 jounsoptredens en dan net te ferjitten de filmen fan Andries Vlas en de ljochtbylden fan Henk Gorter, de optredens fan CAF mei Cor Hunia, Frank Dijkstra en in de leste jierren de muzikale begelieding fan Harry Mast.

Wat doch in kreativiteit in ús feriening is der west en is der noch altyd! Wy binne der hjoed wer tsjûge fan.

As bestjoer binne wy der fansels tige bliid mei en ik hoopje jimme ek.

Lit ik beslute mei in gedicht dat T.Zijlstra skreau in 1986:

Der stiet boppe “Freonskip”:

 

freonskip

samar

in blier sjen

nei elkoar

 

in wurd

dat goed

te plak komt

 

in earm

om it skouder

 

in hert

dat waarm wurdt

troch

de goede sfear

 

en

efkes elkoar

ûndogensk kidelje

mei wurden

 

laits

en earnst

ferfrissele ta

in geve harmony

 

Lang libje Warkum en de âld-Warkumers

 

Ik tank jim tige foar jim oandacht

 

 

 



<<   Terug

.