FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • 29 oktober
  • Vroeger en Nu krijgt een andere inhoud
  • Mooie nieuwe MTB-baan terrein IJsclub
  • Warkums Erfskip sluit ook wegens coron
  • Weeshuis
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 20 - 01 - 2012 - In nijsgjirrich piteroaljekantsje

    Jan Pieter Dykstra

    Okkerdeis soe ik in blikken piteroaljekantsje – faeks wol fyftich jier âld - yn it jiskefet (tsjintwurdich ek wol kliko) smite. It dûnkergriis-eftige kantsje, likernôch 13,5 x 13,5 sintimeter (de tút stekt oan ien kant ± 3 sm. út) en 24,5 sintimeter heech (mei it hângreepke 31 sm), die al jierren gjin tsjinst mear. Boppedat, hoewol ’t de nostalgy der ôfstrielet, it wie lek: de boaijum wie trochroastke; der sieten gatten yn.

    Ik soe der fansels – út nostalgyske oerwagings - in stikje sink oerhinne grieme kinne en it dan wer op ’e souder lizze, wachtsjend op tiden dy ’t nea wer komme.

    En, ús piteroaljeman ‘hôfleveransier’ Sjoerd harrypuk, hie al ‘ieuwen’ lyn foar it lêst oan de doar west. It kantsje stie, frjemdernôch is dat, ek altiid yn it paed. Dat fuort mei de brot. Sa pakte ik it kantsje op, draeide it om en seach op itselde stuit troch ien fan dy gatten yn de boaijum in wite kleur skimerjen. Fansels, dat sil in soarte grounferve – yn goed leechlânsk coating - wêze tsjin it roastkjen fan binnenút, mar der liken ek swarte letters op to stean. Foar in letterslynder/sneuper is dat fansels nijsgjirrich, dus de gatten in bytsje greater makke. En jawis, der stiet eat op. Hawar, it kantsje op ’e kop en de blikiepener derby (sa ’n handich apparaetsje noch út in needrantsoen út de tiid dat wy as leden fan ‘Harer Majesteits-eigen-leger-yn-blik’ mei ús Centurions pal stiene tsjin de Russen oer - en dochs nea in MWO krigen!) As de hiele boaijum der út is, blykt út de tekst dat it blik oarspronkelik ornearre west hat om bussen fan to meitsjen om molkepoeijer fan jawis, ‘Niet vergeten, Frico eten!’ yn to dwaen. Mar dan wol foar útfier fan dat produkt nei Spanje, of yn elts gefal in Spaensktalich lân.

    Yn greate Times New Roman-eftige letters stiet it merk yn blauwe kapitaalletters mei swarte skaedstreken op in giele ûndergroun der op: EL BARCO.

    Derûnder stiet yn swarte letters ‘trademark’, en ‘marca registrada’ it hannelsmerk, en der tuskenyn in ôfbylding fan dat merk: in sirkel mei in skip, dat in bark wêze sil, nei alle bitinken. Dan is fierder to lêzen: Leche en polvo, powdered whole milk (folle molkepoeijer), elaborada por Frico Leeuwarden Holanda. Ek is der in bigjin – yn ljochtblauwe letters - fan de ‘modo de emplo..’ (gebrûksoanwizing) en ‘contenido 1.135 kg’, dat siet der oan gewicht yn. Derûnder stiet dan de Análisis, Gras (fet) 27%, Proteina 27.0%, Mineralis 5,5% en Caloria per onza …..

     

    Dizze ‘fynst’ die my tinken oan Sietse Hepkema (1884-1963), directeur fan it Kondinsfabryk, dy ’t de swetten fan dy ûndernimming stadichoan nei fiere fierten yn de hiele wrâld forlei. Hy kin wol biskôge wurde as ien fan de stifters fan it hjoeddeistige Friesland Campina, dêr ’t ‘syn’ Kondinsfabryk ien fan de pylders fan útmakket. Dizze singeliere Fries, berne op in pleats by Langwar, stjûrde syn fortsjintwurdigers, hannelsreizgers – it neatsizzende en ûnderwilens al lang útmolken ‘manager’ siet noch net iens yn de ruften fan it saeklik jargon - nei it bûtenlân mei de legindaryske warskôging: Tink derom, de eagen iepen en de gulp ticht!

    En omt it Warkumer fabryk, eartiids bikend as it frije fabryk ‘De Goede Verwachting’, sûnt it boekjier 1999 diel útmakket fan dizze multinational - hwa ’t dat in tweintich jier tobek foarsizze doarst, koe as kommintaer hast in inkelde reis ‘Frentsjer’ forwachtsje – op dit plak omtinken foar in stikje agrarysk erfskip dat troch it gearrânen fan dy forskillende suvelfabriken ek in bytsje ús erfskip wurden is.

    It soe sûnde wêze om dit ‘âldfaers erf’ yn de kliko to dwaen. Dus dy wrâldfirma yn Ljouwert skille...

    Mei koarten sil it nijgjirrige kantsje forfarre nei it Friesland Campina archyf. Nei alle bitinken is de oarspronkelike printe partij blik om ien of oare reden ôfkard, faeks siet der in tekstflater yn of de kleuren of sa wienen net sa ’t  it hearde. Dat is spitichernôch net mear út to finen. Der stiet gjin merkje op fan de blikfabryk, mar miskien hie de Kondins doe sels al in blikfabryk en ha hja de ‘misprint’ oan it piteroaljekantsjefabryk forkocht.

    Binnenkant van de petroleumkan



    << Terug
    Touristinfo

    Hunia's Drukkerij    Roelof Fopma    
    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema    Jopie Huisman Museum    
    Touwspecialist    Thijs van der Meer Slagerij    
    Op de hoek van de stal    Tapijthal Workum    
    Bouma kraanverhuur    link naar groenbloem    
    Fasion by Fre    Workumer Jachtservice    
    Glashandel Sneek