FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • Zinloze vernielingen in toiletgebouwen
  • Morgen oud papier
  • Geen tegoedbonnen minder bedeelden
  • Nieuwe losplaats melkwagens in Workum
  • Workum en het vinden van een speekselk
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 25 - 04 - 2012 - Bestjoer Warkums Erfskip wer op sterkte

    Ien fan de wichtigste saken dy ’t wy mei it bestjoer foarinoar krigen hawwe, alteast neffens myn eigen oantinkens oan goed tweintich jier Warkums Erfskip, hat dochs wol de oanset ta de folsleine restauraasje fan de Waach west. It stie faai mei de kondysje fan dit bouwurk, in stjonkend hok. Mar, wol ien fan de tweintich topmonuminten fan dit lân, neffens de rieplachte saakkundige fan it oanbelangjende Ryksdepartemint. En it waerd doe ek dúdlik dat de gemeente Nijefurd de sleauwe kant it neist west hat. Hjir en dêr wie it gebou sa lek as in tsjems. As it reinde dan wie it bûten suver droeger as yn de Waach. Uteinliks is it mei in protte Jeropeesk jild en ek eigen ynset, dat yn it oanbegjin foaral, dochs goedkommen. It stiet der nou wer kreas by, sei ôfgeand foarsitter fan Warkums Erfskip Rutger Fopma tiisdeitejûn yn de Klameare doe ’t er syn kant fan de bestjoerlike eker koart oereide yn it tankwurd op de wurdearjende wurden foar dizze foarsitter fan Gerrit Twijnstra, ponghâlder fan de feriening en foar dit stikje fan de wurklist ek sprekker út namme fan dy feriening.

    Fansels hast, dat is tradysje, wie der in bosk blommen foar Fopma syn oare helte, dy ’t har sels ea (likernôch 1989/90 sil it west ha) ris nei oanlieding fan in útstalling yn de Waach, al jierren it thúshonk fan de fereining, oer ‘quilts’ opjûn hie as lid. Doe ’t op 2.8.1990 de foarsitter fan Warkums Erfskip, mr. Hayte Schootstra, silger, hastich weirekke, siet de feriening oantangele mei in akkuut probleem. Ien fan de bestjoersleden fan doe hie lykwols ris yn de ledelist sneupt en wie as mooglik opfolger de kandidaat R. Fopma tsjinkommen, har fan it Nut ek wol bikend. Boppedat stie er bekend as in kundich bestjoerder, foarsitter fan de romrofte frije kooperaasje De Goede Verwachting, hir yn Warkum. Dus dy waard skille. Hy wie wol in bytsje ferbjustere dat er dêr lid fan wie, mar dat kin barre as jo sydsulver mei deselde foarletter troch it libben giet…

    Dochs, hy woe de feriening net stikke litte. En sa krige Warkums Erfskip rillegau wer in foarsitter, earst efkes as tuskenbeide, yn 1991 offysjeel troch de leden beneamd.

    No goed tweintich jier letter stapt er definityf fan dat bjinstap ôf de wâl op; en it moaie is der is in opfolger. Wa?, dat sille de bestjoersleden ûnder elkoar wol útmeitsje. Ik bin bliid dat it bestjoer wer op folle sterkte is mei de twa nije leden, frou Engelien Bouma-Gaastra en de hear Jaap Kerkhoven, dy ’t mei algemiene stimmen fan de gearkomste beneamd binne doe ’t dat op de wurklist oan de oarder kaam. (Der wurdt noch stribbe nei útwreiding fan it tal bestjoersleden.)

    Yn dy tweintich jier is der in protte feroare. De feriening siket no wer mear nei har histoaryske woartels, benammen ek op it mêd fan útstallings. Ik winskje it bestjûr dêrby - en de feriening - foar de takomst it alderbêste, sa einige Fopma syn koart retrospektyf.

    Foar ’t it safier wie hie Gerrit Twijnstra, mei help fan beamer en oare al net mear as nijmoadrich te skôgjen ark en reau, in soarte fan curriculum vitae fan de skiedende foarsitter jûn, teminsten sa fier ’t it dy syn tiidrek by de feriening oangie. Dat wie ek wol sa ’n bytsje de ein fan de gearkomste, dy ’t dat hat de lêzer faaks al begrepen, noch fan Fopma lieden waard.

    It jierferslach soarge eins op dizze jûn, dêr ’t nammers net folle flecht op ’e koai wie, noch foar wat argewaasje. De teksten oer ‘de klankbordgroep’ ( dy ’t gear west hat oer de takomst fan it museum en de feriening) soene, sa opponearre him in lid, net krekt genôch wêze. Dêrnjonken wie it ferslach net folslein. Boppedat wie deselde stroffele oer de redaksje fan it punt ‘ofskie’ yn it ferslach. Hy hie foar de wissichheid dy passaasjes meinommen en krige fansels de gelegenheid om dêrmei syn sêchje te dwaan, hoe ’t him dat yn it liif omwuolle en neffens him feroare wurde moast.

    Net folslein, dêr kin wol in jûn diskusje oer fierd wurde, omt in notulist syn eigen kritearia oanleit. De diskusje dêroer wol ik hjir net oangean, sei de foarsitter. Dat kin in reis om Dockum hinne wurde, wy nimme jûn fansels jo opmerkings oan foar kennisjouwing. It nije bestjoer sil him der oer bûge en wis mei rêde. It jierferslach waard nei watte hottefyljen mei de in bytsje kidelhoarnich oandwaende fraachsteller goedkard. De jildsaken wienen net sa dat der fragen út de gearkomste kamen, nei ’t Gerrit Twijnstra de opfierde grutboekposten fan in taljochting fersjoen hie. De rekken kaam út op in lyts posityf saldo.En as de ôfrekken fan de kalinderferkeap noch foar 31.12 plak fûn hie, dan hie it saldo navenant mei omheech gien. Dat sit dus yn de rekken foar dit jier. Hoe ’t it mei de stipe fan de gemeente komt is ôfwachtsjen; foar 2012 sil de gemeente yn elts gefal noch oer de brêge komme. Oan de ein fan it jier stiene der 226 leden yn de boeken, dat is acht minder as oan it begjin. De kaskommisje hie alles op in krektens besjen kinnen, genôch ynformaasje fan de ponghâlder krigen en stelde út om him décharge te ferlienen oer 2011. Dat barde mei hantsjeklap. Dat klonk ek foar Michiel Galema (It Heidenskip) dy ’t as wurdfierder fan dy kommisje ôftredend wie. Syn opfolger waard, mei likernôch itselde klapvolume út de seal, Maurits Hettinga, dy ’t dus takomme jier mei Piet Gaastra oer de rekken gear sil.

    Doe ’t it oankaam op it beneamen fan de twa op de wurklist foarkommende bestjoersleden waard der noch efkes krityk op dy gong fan saken spuid. In pear kêsten dêroer út de statuten kamen sels op it aljemint. Mar de wyn gie sa gau wol lizzen as er opstutsen wie en ’t betearde sa ’t al earder oantsjutten is.

    By it omfreegjen ta beslút kaam út de seal de fraach oft ien fan de oanwêzigen aan hie wer ’t in gevelstien AD 1788, mei de tekst ‘Het Wapen van Worckum’ hiem wêze koe yn ús stêd. It is nammentlik de bedoeling dat in tal ‘oerstallige’, want yn opslach fan W.E. lizzende gevelstiennen – dizze dus ek - fan wenten, gebouwen dy ’t sneuvele binne yn de opgeande(?) tiid pleatst wurde sille yn in nij te mitseljen muorre op it hiem fan it eardere Wimertshof (ea postkantoar fan Woarkum).  Der sil ynformaasje bykomme oer de oarspronkelike gevels fan de stiennen. Niisneamde stien kin lykwols net te plak brocht wurde neffens de ynformaasje dy ’t op dit stuit deroer beskikber is; hat er nei alle betinken hjir wol hiem west?

    Mar, foarst soe it fansels kinne, dat stiennen fan wenten dy ’t der noch wol binne, mar de tiden net yn ridlik oarspronkelike steat oerlibbe hawwe, dochs wer yn de gevel fan dy wenten mitsele wurde.

    Of, better as de subsydzje foar in surrogaatmuorre (ek noch wat efterôf) is fansels de  oarspronkelike gevel mei de oanbilangjende stien(nen) wer oplûke; mei stipe fan jeropeesk jild? Yn it ramt fan it Fryske Marrejild dat foar (ek it gevel-)toerisme ornearre wurdt moat sa ’n útstel de gemeente en de provinsje dochs as lij wetter yn de earen rinne?

    Foar Súd 1 hat in eardere eigner al soksoarte plan op papier hân, mar hy kaam der spitichernôch net oan ta.

    It bestjoer fan Warkums Erfskip hat der lykwols oer kediisd en, dat is dúdlik, stiet net negatyf tsjin ‘de muorre’ oer.

    De leden wienen op dizze jûn minmachtich oanwêzich, mar wa ’t oare ideeën hat oer de bestimming fan dit stiennen erfskip kin him melde, bliek út wurden – ynformeel – fan de siktaris.

    Bron: Workumer Krant Friso

     

    Foto: Henk Gorter

     

     

     

     

     

     

     

     

     



    << Terug
    Touristinfo

    Op de hoek van de stal    Hunia's Drukkerij    
    NEDCAD    Klameare Workum    
    Tapijthal Workum    De Jong Workum Financieel Advies    
    link naar groenbloem    Jopie Huisman Museum    
    Bouma kraanverhuur    Touwspecialist    
    Fasion by Fre    Glashandel Sneek    
    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema