FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • 29 oktober
  • Vroeger en Nu krijgt een andere inhoud
  • Mooie nieuwe MTB-baan terrein IJsclub
  • Warkums Erfskip sluit ook wegens coron
  • Weeshuis
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 10 - 07 - 2012 - Klaas Jansma fordivedearret âld-Warkumers

     Jan Pieter Dykstra

     Woansdei-to-moarn moasten in protte âld-Warkumers bitider út de fearren as dat hja dat ornaris wend binne, tominsten foar in great part sil dat jilden hawwe. De measte leden binne ommers it tiidrek dat jo op ’e tiid by de baes forskine moasten (al lang) foarby. De jierlikse boattocht, in tradysje fan jierren, stie op it program.Om dan earst noch in flaubyt, de moarnsbrogge mei in bakje thé, in bytsje kreas en net al to hastich yn it liff to stâllen, stiet de wekker by de measte reünisten dochs hwat bitider as oars. In lytse 130 man/frou stapte om njoggen ûre hinne op de boat, sa yn de buert fan de eartiids romrofte pleats fan Durk Douwes van der Werf. De tocht mei kofje en in taertsje as wolkom, gie fia Drylst rjochting Snits. It nije aquaduct yn de Geau koe sa fan de oare kant bisjoen wurde.

    It wie sierlik waer mei nou en dan in biroune loft. Oan board waerd ûnder it genôt fan in slokje, in pilske, wyntsje of frisdrank mannich forhael, fiten en it lêste nijs ek, forteld. Oan it lûd to hearren like it wol in bijekoer, it gounze deroer. Froulju steane dan wol bikend as praters, nou, achtsje de bydragen fan de hearen oan de decibels fansels net to lyts.

    Yn Snits socht de boat syn eigen fêste lizplak op, yn de buert fan de Ljouwerter strjitwei. Der wie sop en broadsjes. Foar hwa ’t dat woe, wie der gelegenheit om de stêd yn. Tsjin fiven wie de boat wer yn Warkum. Efkes hwat opkalefaterje en dan op nei de Klameare, it sintrale honk yn de organisaesje fan de reünie.

    Trudi van der Valk hie dêrre de kofjetafel ré. In romme kar oan bôle, brea mei (skieppe)tsiis, fleis, ierdbeien, molke, sûpe, en folle net genôch stie to wachtsjen op de hongerige reünisten. It foel der yn as in preek yn in âlderling. Nei likernôch in ûre wienen de tafels fierhinne leech. Dat kin as in komplimint foar Trudy en har stêf biskôge wurde.


                             Klaas Jansma (foto:Henk Gorter)
    Underwilens wie de sprekker foar dizze lêste joun al yn de coulissen fan de Klameare oanwêzich. Hy, Klaes Jansma, waerd ynformeel bigroete fan it bistjûr fan de foriening. Tsjin de klok fan acht ûre barde dat nochris offisjeel foar de seal oer. Doe wie de seal foar Klaes. En it moat mar daliks sein wurde, Klaes hie de seal yn de bisnijing, fan it bigjin oan de ein ta. It soe gean oer it skûtsjesilen, de skûtsjes en de mannen fan stiel dy ’t op de houten skippen de wylde wetters fan Fryslân bisylden. Alteast yn syn earste forslach foar it Frysk deiblêd, skreau er dat as skaeimerk oer skippers as Klaes van de Meulen, Pieter Brouwer, Ulbe Zwaga en oaren. Spitich wie wol dat der doe al net mear houten skûtsjes oan de wedstriid diel namen, mar Klaes spile as wie er de ûnskuld sels. Feit of fictie, it wie de hiele joun in ôfwikseling fan ditsoarte saken. Omt er yn Warkum wie, wie dat, sa koe de harker konstatearje, wol sa likernôch de nawle fan de wrâld. Hwat hong hjir in karma yn de loft, alteast neffens de sprekker. En kinne wy him leauwe dan wie it oan syn yntuysje to tankjen dat Warkum, Fryslân, ja de hiele wrâld eins, nou syn Jopie Huismanmuseum hat. Klaes soe foar it blêd ‘Frysk en Frij’ in fraechpetear mei Jopie hawwe. Hy tufte dêrom yn syn ‘ûnsjogge ein’, in deux chevaux sa ’t it weintsje ek wol hjit, nei Hjerbeam. Sette it weintsje op it hiem en stiek de skuorre yn. ‘Folk, is der ien?’ Gjin antwurd. Nochris, mar it bleau stil. Doe skarrele der in nearzich útsjend mantsje troch in doar. ‘Soa, der wiest al’, krige de journalist to hearren, ‘kreas op tiid’. ‘Hoe sa’, wie it antwurd fan de sprekker. ‘Nou sjoch, ik wie krekt fan doel om my oan dy balke to forhingjen mar ik tink as dy journalist my sa tsjin de bealch rint, is net sa netsjes, dus ik haw der mar ôfsjoen’. It wie dûdlik de ‘skilder fan it bigreatsjen’ wie syn rie ta ’n ein. Werom?, dat waerd yn it forfolch fan it petear helder: Syn wyfke, Eelkje de Boer, wie útnaeid. En de foarsjennigheit brocht de sprekker yn kontakt mei Yde Schakel, dy ’t neffens Klaes, ek om deselde Eelkje op it punt stien hie om in stik tou om de strôtte to lûken en lit him bongelje oan in stile yn syn timmerwinkel yn Eksmoarre. Mar Yde waerd, hoe is ’t mooglik, rêdden fan Klaes Jansma, omt dy ’t ek mei dizze pommerant in petear hawwe moast. Afijn, dat soarte fan mjuks fan feit en fictie spile de hiele joun troch syn petear. Nei it skoft kaem der  dochs hwat mear oer it skûtsjesilen op it aljemint. Bygelyks, pûr tafal dat er in wedstriid in Ealahuzen foar de krante forslaen soe, mar it bliek dat dy in Starum hâlden waerd. Nou gau derhinne yn deselde ‘ûnsjogge ein’. Spitich, mar it eintsje moast bilies jaen tsjin de krêften fan de wyn, koe net goed op ’e wjukken komme. Dus de forslachjower kaem to let. De wedstriid wie al foarby. Ulbe Zwaga hie woun, dat sei it folk, mar it nijs siet him yn de dea fan Klaes van der Meulen, dy wie op it skûtsje fan Wâldsein hastich – yn it harnas, sizze de lju dan - forstoarn. De forsjennigheit hie Klaes werris holpen. Wedstriid mist, mar nou koe er ta mei in libbensskets fan de forstoarne skûtsjeskipper. Ek ús eigen Warkumer Jetze Visser, silger, soan fan in skipper, wie foar him gjin ûnbikend man. Hy krige it modelskûtsje dat Jetze makke hat fan heite’ skûtsje, dat hy as namme ‘Nooit Volmaakt’ jown hie, omt Jetze wol wist dat syn nifelwurk it profesjonele peil net helje koe. Nou steane al dy skipkes fan Jetze, dy ’t faek yn de Klameare to bisjen west hawwe, yn it skûtsjemuseum yn Earnewâld. Sikke Doting, silger, as striidber man tsjin it marreplan fan Yde Schakel en consorten, it droechmeallen fan de Warkumer mar, de beurskrach fan 1929 doe ’t de Douwe Johannes (Boonstra) index, yn Amerika bikend as Dow Jones, de wrâld yn de bidelte dondere. Direkteuren dy ’t fan de wolkenkrabbers sprongen, hjoed krije dy in tsjokke bonus en stappe op. De oarsaek fan dy krisis lei lykwols yn Frentsjer, doe ’t de sûkerfabryk Frisia om in luchtsje gie. De krisis van hjoeddedei is stadichoan yn it neigean, hwant Epke Zonderland hat syn nije gimmestykoefening as erkend (frysk) product op de internasjonale list krigen. Doe ’t er, neffens Klase Jansma, yn Sina de grip op de rekstôk kwytrekke, mei troch manipulaesje fan de Sinezen, sette de krisis yn. Dus gearfetsjend, wrâld sjoch nei Fryslân, joun nek binammen nei Warkum, en jimme witte hoe ’t de flagge der by hinget. En oft er nou in kear as fjouwer steurt wurdt fan mobile tillefoanlûden, tunes yn goed Hollansks, safier binne dy Hollanners al, Klaes Jansma breidet ek dêr proffesjoneel in punt oan, sadanich sels dat in slachtoffer (foar de annalen fan de foriening: it wie Alie D, troud mei Botte O. út Parregea) skatterje kin om syn eigen ûnhandigens mei dy technyk. En dan dogge jo it goed.
    Bron: Workumer krant Friso

     

     



    << Terug
    Touristinfo

    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema    Organische meststoffen Culterra    
    NEDCAD    Jopie Huisman Museum    
    Glashandel Sneek    Thijs van der Meer Slagerij    
    Op de hoek van de stal    Fasion by Fre    
    De Jong Workum Financieel Advies    Workumer Jachtservice    
    link naar groenbloem    Makelaardij P.J. de Jong    
    Roelof Fopma