FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • Voorlopig geen nieuwe weg Sneek- Leeuw
  • Op de Weegschaal van de Tijd
  • Geef cadeaukaart aan de voedselbank
  • Zinloze vernielingen in toiletgebouwen
  • Geen tegoedbonnen minder bedeelden
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 03 - 09 - 2012 - Warkum hat moaiste plein fan Fryslân

    J.P.Dykstra 

    Forline wike organisearre Omrop Fryslân de forkiezing dy ’t mei help fan harkers liede moast ta it doarp, de stêd, dat it moaiste plein fan de provinsje binnen syn of har grinzen hat. Der wienen trije kandidaten foar dizze aerdichheit – mear as dat is ek wer net – yn ’e bineaming kommen. It gie om de pleinen yn Wytmarsum, Surhústerfean en Warkum.

    Oan de hân fan de réaksjes fan it publyk en, op ’e ein fan de rit, de meiwurking fan in saekkundich jurylid waerden der punten taskikt. Oant ôfroune freed om 13.00 ûre koene de lju harren kar trochjaan oan de Omrop en dan soe de saekkundige syn punten it ta in útdragen saek komme litte. Yn it bigjin fan de wike waerd der mei de tillefoan in rountsje by de kandidaten lâns makke. De bifrege persoan út doarp of stêd koe dan yn in koart petear mei in redacteur fan de Omrop oanjaen werom ’t er foun dat syn wenplak foar dy kwalifikaesje yn ’e bineaming kaem.

    In dei letter kaem Eduard Rekker, redacteur by de Omrop, yn de nominearre doarpen, stêd, del om op lokaesje in lytse reportaezje to meitsjen, mei de pleatslike kontaktman. En hy strúnde oer, yn ús gefal de Merk, om passanten, lju dy ’t efkes lins hiene op in terras of op in bankje op de Merk delstrutsen wiene, nei harren miening oer de kwaliteit fan it plein yn kwestje to tantsjen. Dy reportaezjes waerden in dei letter útstjûrd en doe, de woansdei, stie Warkum al mei oermacht op nûmer ien. Freed-to-middei wie it hast net mear mooglik dat Warkum net winne soe. Doe ’t de saekkundige dan ek nochris de Merk fierwei boppe oan syn listke sette, wie it foar de oare beide gadingmakkers net mear en net minder as in forlerne kompetysje.

    Werom ’t  de Merk der sa ynfoel? De kombinaesje fan horeca mei terras, winkels en de karakteristike omjowing. Sa ’t de Warkumer contactpersoan sei, de skiednis dript hjir oan alle kanten op jo del. De tsjerke en toer likernôch fiifhûndert jier in beaken yn it gea; de Waech (!650), dêr ’t ûnder de kap yn in klapskeet de wrâldproblemen oplost wurde; it midsieuwske stêdhûs dat nou yn de foarútgong figuerlik rampoai makke is fan de ‘hearen’ politisy.

    Dêrnjonken kin jou frou har yn it nij stekke yn moai útwrydske winkeltsjes mei singeliere ûntwerpen, snypsnaren keapje, in pear skuon, de fiskboer is der, in slachter, in bakker en sels in tige royale earsteklas meubelsaek. Wolle jo op de culturele toer? Jopie Huisman museum leit deunby, galerie Berger, Kesk-Art, Piets Althuis. De kampearwinkel tsjin it JH-museum oer dêr ’t nei alle bitinken bigjin jierren fyftich de forneamde skriuwer Nescio in pear losse segaren kocht. Of it pân fan de eardere bakker Otto Zijstra (foarhinne Frieslandbank en café De Zwaan) dy ’t it yn de oarloch oandoarst om OZO-koeken foar it étalaezjerút to keap to lizzen. Oranje Zal Overwinnen, dat wie strang forbean, mar neffens de net bang útfallen bakker (hy gie nei de oarloch as frijwilliger nei Ynje) bitsjutte dat gewoan Otto Zijlstra’s Oorlogskoeken. De moffen stiene mei de mûle fol tosken...

    Mar Warkum hat en dat wisten de Warkumers ek wol, it moaiste plein en it is aerdich dat in oar dat nou ek ris bifêstige hat, want eigen rom rûkt nou ienris altiid tofolle.



    << Terug
    Touristinfo

    Organische meststoffen Culterra    Hunia's Drukkerij    
    NEDCAD    link naar groenbloem    
    Touwspecialist    Glashandel Sneek    
    De Jong Workum Financieel Advies    Klameare Workum    
    Workumer Jachtservice    Op de hoek van de stal    
    Fasion by Fre    Thijs van der Meer Slagerij    
    Makelaardij P.J. de Jong