FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • 29 oktober
  • Vroeger en Nu krijgt een andere inhoud
  • Mooie nieuwe MTB-baan terrein IJsclub
  • Warkums Erfskip sluit ook wegens coron
  • Weeshuis
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 12 - 09 - 2012 - Ginnerale

    Hat Jappy Twynstra eartiids net út namme fan it Oranjekomité

    De kwasi-prins Willem wolkom taroppen op de Sudersé?

    ’t  Wie Arnold Weremeus Buning dy ’t as sadanich op de haeiwein stie

    En Hidde Postma oan de leije; ik leau dat dat simmer 1963 wie.

    Ek foar dizze rippetysje, daliks dêroer mear, stiek ús Oranjekomité,

    Sa ’t foarsitter Jan Visser sei, graech mei dizze flotte prater yn sé.

    Jimme hearre op de Merk syn galmjend lûd

    En hy taest ús Oranjekomité en hooplik de Woarkumers djip yn ’t moed

     

    “Boeren, boargers, lju fan bûten”,

    (Jappy prutst hwat mei de trie en stelt de mikrofoan op hichte)

     

    “Ik stean foar de mikrofoan by ’t Warenhuis op ’e stoepe

    En kin hjir de rook fan in bakt Lekkerbekje rûke.

    Wy sille dwaende mei de rippetysje foar ’e keninklike bisite

    Fordomd, dêr lit ien syn keeshoun op ’e Wimerts skite.

    Meije Regeling, woll’ jou der efkes mei in skeppe hinne rinne?

    Boppedat koe Bokma, Van der Valk of ien op ’t Strân wol jarre ha

    De westewyn driuwt dy rook hjir hinne.

    Hawar, de boargemaster skikt har in bûsdoek mei 4711 ta.

    Leafst út eigen bûse, mar jou witte wol, dy hearen

    Meije alles, oant de ‘afhaalsinees’ ta, deklareare.

    Dat is takomstmuzyk, dy hawwe wy op dit stuit hjir net,

    Dêrom hellet Tjidze Folkerts foar harren by Mensonides in kroket.

    Fierder is der wol hwat folk op ’e dyk,

    Dochs, machtich as de miggen is tofolle sein.

    In protte flaggen sjoch ik net, mines is yn elts gefal ta ’n ein.

    Mar hark, yn ’e fierte hear ik in findel mei muzyk.

    Sjoch der komt yn wyt boesgroen ‘Crescendo’ oanmarsjearen.

    Foarop rint Wybe Reinstra, dat fine wy hjir gewoan.

    Efter him sjoch ik mei de fyts oan de linkerhân,

    Plysje Alting, liket my sa ta, paradearen

    As de majesteit de bus útstapt by ’t pakhús fan Robyns.

    Moat er ommers mei de rjochter salueare”.

     

    “Ik soe sizze, wy bigjinne mei de rippetysje.

    Hwa, is myn fraech, wolle efkes as B&W fungeare?

    Dubbeld Tjeerde? Jou lykje my in bytsje wynsk,

    Dat wurdt sa neat en jou moatte earst de broek ophysje

    Is de rek faeks út jou galgen wei?

    Jelle Flapper hat wol nijen, sa ’t er niis tsjin my sei.

    Ja, dy is fan ’t houtsje, dat is, wit ik, jou kleur net

    Mar as it lânsbilang yn ’e kiif stiet, sjogg’ wy net sa krekt.

    Ik sil dus noteare, dat jou op reserve stean

    Yn dizze tastân, kinne jou, mei permisje, net oer de Wimerts gean.

    Lykwols, ik moat in pear presintable ramplesanten ha

    En stean hjir net to wachtsjen oant moarnier ta.

    Dan Jukema mar. Is dy hjir, of sit er thús yn ’e swarte keamer?

    Né? Alt Veldman, jou binne alteast net in dreamer

    Hwat sizze jou, jou moatte noch de boer op mei de grientekarre?

    Hearken noch oan ta, der hie ’k net sa by stilstien

    Mar ik bigryp, in sútelrit forskite, dat mei jou net barre.

    Hwa folget. Tjitte Wijnkoop, jou lykje my in goeden ien

    Pardon, jou namme is forkeard? Nou, ik rôp it sûnder erch

    It sil my net wer oerkomme, dat siz ik jou ta Van der Werf.

    Kom minsken, hwa is efkes wethâlder, nou ja, sabeare,

    Age Walthuis, wolle jou it ris perbeare?”

    Jappy swijt in momint, hy moat syn papieren lêze.

    Dan ropt er: “Sjirkje Hoekstra wolle jou de keninginne wêze?

    Hwat sizze jou,? Nim Hanne Bekema of Aaltsje Beintema mar?

    Né, wy hiene jou op ’t each, binammen ek om jou postuer.

    Der steane, dat is wier, mear op ’t listke, mar jou binne earste kar.

    Ik bin eins hwat roppich, hwa hellet in koeke of dúmkes by Folkert Stuur?

    Gerben Hobma, jou lykje my gaedlik foar ús heechste magistraet,

    Tominsten neffens my binne jou mei de karbolly de krekte kandidaet.

    As wethâlders tocht ik oan Ulfert van Meekeren foar de PvdA

    Foar de CHU, skúnt Ynte Huitema my yn, freegje wy master Wielinga.

    Mei Piter Wildschut, de winkelman út de Begine, doar ik wol yn sé

    As fortsjintwurdiger fan Groen van Prinsterer syn ARP.

    Soa, nou ha wy troch de sûre âpel hinne biten,

    Sille wy nou mar net mear tiid forskite?

    Sjirkje, hooplik kinne jou in foksefeltsje forneare,

    Hwant Maison Irene sil jou dat om de nekke teare.

    Fansels it is in poppekast, mar it moat wol hwat lykje

    Dêrom moatte jimm’ allyk de skiep itselde paed lâns driftkje”.

    “Twynstra, ik bin in bytsje staf, moat ik bigrype, ik bin de keninginne?”

    “Jawis, jou komme trêftich rinnend út de bus, hjir sahwat by Mensonides

    It sanhedrin, sa ’t ik dat niis neamd ha, giet dan mei jou nei it bordes.

    Dus ik soe sizze, lit de muzyk mei it Wilhelmus bigjinne.

    Né Duije Seekles, dy fariant fan dat dy troch de souder sakke

    Kin der hjoed net op troch, dy tekst hat Valerius doetiids net makke.

    Hâldt jou dus hwat ketoen, biwarje jou fetsoen

    En ik doch krekt as haw ik jou net heard of sjoen”.

    De muzyk set yn, hark, Fêdde slacht de lytse tromme,

    Hendrik Boersma kin der mei de bekkens net iens boppe út komme.

    Jaap van der Zee syn saksefoan bisoarget Wilhelmus de triennen yn d’ eagen

    Sjongejonge, hwat in merakels hege muzikale weagen.

    Dêr falt it jongeskoar fan Bertus Sijpersma yn,

    Hiel Warkum kin fan dizze serenade genietsje troch de wyn.

    “Gotskes, wer dy keeshoun dy ’t op de Wimerts skyt, potferdomme,

    Dat bist is wis fan Ypke Huisman, dy is de reade kant it neist

    Jawis, de hounegiseler moat komme, Ynte, krekt saste it seist.

    It sabeare sanhedrin dat moat nou út de Tillefonne komme.

    Hobma, jou as Russchen earst, en dan de wethâlders, op in rige

    Efkes wachtsje noch, earst rom baen foar Yntema. Goeije Yge”.

    De ripkeboer fytst mei de molkbus op ’e stange nei it strân.

    “Hearen, lûk it liif hwat yn, der komt ien fan de kojboys efter oan.

    Dan sil it nou heve, Sjirkje wolle jo fûstkje mei de hearen?

    Dat giet better as by dûmny Tulp it fragelearen.

    Sjochris oan, it liket wol as hiene jimme oars neat dien

    Sa ’n keninginne en sanhedrin hawwe wy net eltse dei op ’t hiem.

    Moai, jim binne yn ’e kunde kommen mei de keninginne.

    Sjirkje, wolle jou en it selskip B&W nou stadich trêdzjend nei de pomp ta rinne?”

    “Hwat bliksem, Twynstra, staf bin ik wol, mar ik lit my net de gek oanstekke

    Jou, en dy hiele rottige kommisje kinn’ om my forrekke.

    Hwat in forstân: Jimm’litte dat minske nei de pomp ta rinne!!

    Dat dy lju op it gemeentehûs net wizer binne”.

                                                                                       Bokke Hzn. Hipper,  AD 1950

     

     

     

     

     

     

     



    << Terug
    Touristinfo

    Tapijthal Workum    NEDCAD    
    Jopie Huisman Museum    Touwspecialist    
    Fasion by Fre    De Jong Workum Financieel Advies    
    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema    Thijs van der Meer Slagerij    
    Makelaardij P.J. de Jong    Workumer Jachtservice    
    Bouma kraanverhuur    Klameare Workum    
    Op de hoek van de stal