FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • Voorlopig geen nieuwe weg Sneek- Leeuw
  • Op de Weegschaal van de Tijd
  • Geef cadeaukaart aan de voedselbank
  • Zinloze vernielingen in toiletgebouwen
  • Geen tegoedbonnen minder bedeelden
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 29 - 10 - 2012 - Omke Wanja fan Tryater: in toanieljûn fol sfear en drama

    Op sneon 24 novimber spilet de reisfoarstelling Omke Wanja fan Tryater yn De Klameare yn Warkum. Foar kaarten, sjoch op www.nutworkum.nl of belje mei Sig Magazijn vd Velde: 0515-541629. De oanfang fan de foarstelling is 20:15 oere.

     

    Omke Wanja is in bysûnder ryk stik dat Tryater om reden fan de moaie tematyk útsocht hat. Tematyk dy’t werkenber is foar elkenien, benammen om’ t it giet oer echte minsken, mei wiere emoasjes, mar ek mei humor en relativearring. Omke Wanja is famyljestik dat hannelt oer lokkich wêze en sin oan it libben jaan. Hoe kinne mislukke of der júst yn slagje om  wat goeds te dwaan mei dyn libben. Ira Judkovskaja makke de foarstelling út it hert: waarm en mankelyk, oer minsken dy’t hiel ticht by ús steane.

     

    Artistyk lieder en regisseur Ira Judkovskaja hat Omke Wanja bewurke. Tidens de repetysjes hie sy – neist de Fryske oersetting fan Romke Toering - ek de oarspronklike Russyske ferzje derby. Sa kaam sy sa ticht mooglik by it wêzen fan de personaazjes, sa’t Tsjechov it bedoeld hat.

     

    It toanielbyld fersterket de yntime, broeierige sfear fan de famylje op it plattelân. Roos van Geffen hat in yngenieus dekor ûntworpen, dêr’t it achterdoek mei in dûbelsidige fotoprint yntegrearre is op it (draai)toaniel en de tún en it  hús fan de famylje ‘m  troch in draaisysteem stadichoan sjen lit oan it publyk. De kostúms fan Linda Eijssen ûntbleatsje de karakters fan de personaazjes.

     

    De famylje fan Wanja wennet yn in moai âld hûs op it plattelân en libbet in geregeld bestean. Se binne net ryk, mar se ha it goed. It ferhaal begjint as in famyljelid út de stêd nei in skoft wer weromkomt, mei in hiel moaie jonge frou. Elkenien libbet op. Se laitsje, ite, drinke, gûle, meitsje rúzje en brâne fan langstme. Troch de komst fan dizze stedske frou rekket alles yn ûnstjoer; se wolle mear, se wolle oars, se sykje passy. Mar it libben op it plattelân wie dochs altyd goed?

     

    Tryater spilet it stik oant en mei 22 desimber op tal fan plakken yn Fryslân.

     

    Omke Wanja is skreaun troch Anton Tsjechnov en oerset troch Romke Toering. Ira Judkovskaja hat de regy in hannen.  Inès Sauer de dramaturgy. Spilers binne Eelco Venema as omke Wanja, Arnold Dijkstra as dokter Astrov, Jan Arendz as de professor, Nynke Heeg as syn frou Helena, Marijke Geertsma as de mem fan Wanja, Aly Bruinsma as de húshâldster en Marit de Weerd as Sonja, it nichtje fan Wanja, de dochter fan de professor. Dekôrûntwerp Roos van Geffen, kostúmûntwerp Linda Eijssen.



    << Terug
    Touristinfo

    Fasion by Fre    link naar groenbloem    
    Makelaardij P.J. de Jong    Natuurvol Tuinen / Arjan Jenema    
    NEDCAD    Roelof Fopma    
    Bouma kraanverhuur    Op de hoek van de stal    
    Thijs van der Meer Slagerij    Workumer Jachtservice    
    Jopie Huisman Museum    Hunia's Drukkerij    
    Organische meststoffen Culterra