FOTO'S BRIJBEK LINKS CONTACT
Choose your language:      nederlands   deutsch   English   Francais nieuws agenda activiteiten

Archief:

2020
  • 29 oktober
  • Vroeger en Nu krijgt een andere inhoud
  • Mooie nieuwe MTB-baan terrein IJsclub
  • Warkums Erfskip sluit ook wegens coron
  • Weeshuis
    >> meer

    2019
  • Geweldig entertainment
  • Noard 74
  • Plaatselijk Belang
  • Verkiezing
  • 'Fyts 'm it nije jier yn!'
    >> meer

    2018
  • Fyftich jier lyn
  • Voetbalcafé een succes
  • Nieuwjaarsconcert Crescendo
  • Bibliotheek
  • Tarief liggelden aangepast
    >> meer

    2017
  • Rebus
  • 21 december 1967
  • Beoogd college
  • Duurzaamheid
  • Kunstbezit Súdwest-Fryslân
    >> meer

    2016
  • Life is Beautiful
  • Fyftich jier lyn
  • Wat sille we no beleve?!!
  • 3 januari Nieuwjaarsborrel Workum
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2015
  • Carbidschieten op de Stedspolle
  • Fiiftich jier lyn
  • Workum van Vroeger en Nu
  • Kwart miljoen voor Culturele Hoofdstad
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2014
  • Carbid schieten
  • Extra raadsvergadering over lijnopstel
  • Een gezond 2015
  • ‘Nieuwe woorden bij een oud verhaal’
  • Album Cor Hunia
    >> meer

    2013
  • Album Cor Hunia
  • Ernst Langhout en Johan Keus gast op n
  • Opbrengst Serious Request in Workum
  • Nieuwjaarsgroet
  • Workum van Vroeger en Nu
    >> meer

    2012
  • Rock en loll
  • Carbid schieten
  • Veel strijd bij het Ypie van der Werf
  • Loopgroep Workum zoekt trainer!
  • Workumse kunstenaars in Galerie De Ver
    >> meer

    2011
  • Rock en loll 2012
  • Een nieuwe Brijbek
  • Kerstnachtdienst
  • Skil en Nonnestrjitte
  • Brandweer rukt uit voor schoorsteenbra
    >> meer

    2010
  • Rock en Loll 2010
  • Vereniging van de maand
  • workum.nl agendabureau van Workum
  • Ypie van der Werf toernooi
  • Rock en Loll in voorbereiding
    >> meer

    2009
  • Rock en/of Loll
  • Wie maakt de mooiste winterfoto van Wo
  • Album Willem Twijnstra 13c en 14a
  • Nij Marienacker
  • Album Willem Twijnstra
    >> meer

    2008
  • Informatiebijeenkomst en condoleancere
  • Bijeenkomst in Workum druk bezocht
  • Vogelshow
  • FISKKOPPEN
  • Gasexplosie Buterikkers
    >> meer

    2007
  • Slotavond Workum 1100
  • Slot Workum 1100
  • Opening HIP
  • WINTER IN ZWEMBAD DE ROLPEAL
  • Slotavond Workum 1100 jaar
    >> meer

  • 14 - 03 - 2015 - Programma Presentatie boek van Henk Gorter

                     Programma  ter gelegenheid van de presentatie van het boek
                                                   Workum van Vroeger en Nu ,
                                                   Middenstanders in de periode
                                                                    1960-1965
                 Auteur    :   Henk Gorter
                 Uitgever :   Hunia’s drukkerij
                 op donderdag 19 maart 2015 in de Gertrudis kerk te Workum


     1.    Intrada’    -  C. Saint Saëns       Siebe Bokma trompet en Harry Mast orgel.
     2.    Welkom.
     3.    
    Wer bin al dy winkels bleaun.  Monique zang en Harry piano.
            sjongtekst op de wize fan  "Waar zijn al die bloemen toch..."  (Conny Vandenbos)

           Wer binne al dy winkels bleaun, fan fyftich jier ferlyn
           Wer binne al dy winkels bleaun, welk' bin der fan oer
           Wer binne al dy winkels bleaun, altyd drok op sneon, mar och
           Wa fan ús wit dat noch, wa fan ús wit dat noch.

           Wat dogge al dy sútlers no, fan fyftich jier ferlyn
           Wat dogge al dy sútlers no, wat dogge se no
           Wat dogge al dy sútlers no, meastal nei 't fabryk, mar och
           Wa fan ús deart dat noch, wa fan ús deart dat noch

           Wer gongen al dy karren hinne, fan fyftich jier ferlyn
           Wer gongen al dy karren hinne, wer kamen se oant ein
           Wer gongen al dy karren hinne, in inkeld kaam yn 'e Waach, mar och
           Wa fan ús sjocht dy noch, wa fan ús sjocht dy noch.

           Wer binne al dy winkels bleaun, fan fyftich jier ferlyn
           Wat dogge al dy sútlers no, wat dogge se no
           Wer gongen al dy karren hinne, alles lang foarby, mar och
           Wa fan ús wit dat noch, wa fan ús wit dat noch....

     4.   Frank Dijkstra interviewt Henk Gorter.

     5.   Presentatie van het  boek.
           Het eerste exemplaar wordt overhandigd aan meester Piet de Jager .
           Vervolgens overhandiging boek aan Mr. B. van Haersma Buma, burgemeester van Workum in de periode
           1962-1970  en overhandiging aan Drs. H.Apotheker, huidige burgemeester van de gemeente S
    údwest-Fryslân.

     6.  Doe eartiids ( op de wize fan Yesterday ) Monique zang en Harry orgel.
        
         
    Doe eartiids
          Warkum wie noch sa oandwaanlik lyts
          Fan 't Noard nei 't Súd, 'n foech eintsje op 'e fyts
          Oh, ik tink
          Oan doe eartiids

          Sa foarby
          Waach, toer en tsjerke stean der noch, as nij
          Mar in protte freonen bin' al út 'e wei
          Oh, doe eartiids
          Wie sa foarby

          Wa wit
          Wat ik die, wêr't sy wie
          Se sei  it net
          Ik haw
          Noch sa'n langstm' elk jier
          Nei doe eartiids


         Doe eartiids
         Tegearre wienen we altiten bliid
         Deun by elkoar, sa swiet, sa swiet
         Oh, ik tink
         Oan doe eartiids

         Wa wit
         Wat ik die, wêr't sy wie
         Se sei  it net
         Ik haw
         Noch sa'n langstm' elk jier
         Nei doe eartiids

          Doe eartiids
          Tegearre wienen we altiten bliid
          Deun by elkoar, sa swiet, sa swiet
          Oh, ik tink
          Oan doe eartiids
          (Ja, ik tink oan doe eartiids)

      7.   Pauze. Koffie/thee en verkoop boek.

      8.   Lang lyn, Monique zang en Harry piano  Allen refrein.
           
    Lang lyn   (Op de wize fan Vrouger fan Ede Staal)

           Wa hat net fan eartiids in doarp of in stêd,
           'n  Namme dy't in bult betsjut.
           Dêrst boartest as bern yn dyn wrâld noch sa lyts,
           Al dreamend  komst dêr faak wer út.
           Foar de ien is it Tsjerkwert, Wytmarsum of Harns,
           Foar de oare Nij Beets, Aldeboarn,
           Of Hylpen, Nijhuzum, Piaam, Gaast of Warns,
           't Âld stee lûkt dy altyd wer oan.

          Refrein ALLEGEAR
          Lang lyn, dat 's lang lyn.
          Wat fljocht de tiid dochs om.
          Pas asto âlder wurdst.
          Ja dan komt alles werom.

         It lok fan dyn jeugd sjochsto letter pas yn.
         Dus einlikst bist altyd te let.
         Asto earne bist en 't wurd eartiids dat falt.
         Dan wurdt 't gauris waarm om dyn hert.
         Doe hong op it húske de Ljouwerter Krant.
         Smakke ranje as no jus d'orange.
         Op snein apenuten dat wiene  ús chips.
         Ja eins wie 't ús gau bêst genôch.

         Refrein ALLEGEAR

         Ik sels kom fan Warkum mei't Soal en de Mar.
         It molkfabryk en de Âlddyk.
         Ik sit op myn praatstoel dat wol 'k einlik net.
         By jûn wurd k’dan sa mankelyk.
         We ieten doe noch potstro en beannen út 'e wek.
         Sambrinco's dy spiel,n yn 'e kroech
         Doe seine we meast net: "Do bist my der ien",
         We seine gewoan: "Bist 'n âld sek".

            Refrein ALLEGEAR

     9.  Frank maakt een kuier door Workum,  met anekdotes.

    10.  Nea wer,  Harry piano en  Frank ( parlando, gesproken tekst ) Refrein allen met Monique.
    (op de wize fan LAAT ME fan Ramses Shaffy)

     Yn Warkum bin ik lang lyn berne
    It stedsje yn dat skoane ljocht.
    En mei al dy freonen dy't dêr wennen
    hienen we dei en nacht sa'n nocht.
    By de Slús en yn 't Soal nei't Strân
    swommen we faak mei in soart geraas.
    Nea sil'k ferjitte dy hechte bân
    fan freonskip en gjin ien de baas.
    Refrein
    NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN

    NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN
    Myn freonen sil ik net ferjitte,
    want wa't my leaf is, bliuwt my leaf.
    En wêr't hja wenje koe ik witte,
    mar 'k ferlear se faak alhiel út 't each.
    Ik sil se fêst noch wolris moetsje,
    miskien fan 'e jûn of takomme jier.
    Mei smok en trien sil'k se begroetsje
    en prate oer no en oer eartiids
    Refrein
    NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN

    NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN
    En ea sil ik noch wolris stjerre,
    Dêr kom ik wier net ûnder wei.
    Mar 't kin myn tinzen net bedjerre
    en 'k bliuw salang 't kin by de dei.
    It tinken oan myn  jonges (fankes) tiid,
    wylst strune lâns Dolte en yn 't fjild,
    makket my altyd wer o, sa bliid,
    en is my mear wurdich as al myn jild.

    NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN
    NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN
    NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN
    NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN

    11.  Afronding door Frank en Henk.

    12.  Warkumer Folksliet  Harry orgel, Siebe trompet en Monique zang.
            Monique 1 en 3 solo, allen 2 en 4
     

    Dêr tusken mar en greiden,
    dêr leit ús âlde stêd.
    By feart, by poel en reiden,
    dêr fret it fee him sêd.
    O, stedsje fan myn dreamen,
    wat leist dêr moai en frij.          }
    Do bliuwst yn al myn tinzen,      }   2 x
    do bliuwst in diel fan my.           }

     

     

    Wêr't iens de Wimerts streamde,
    yn skaad fan beamtegrien.
    Wêr't Grutte Pier iens libbe,
    wat is dat lang ferlyn.
    En wêr't de stoarmen brieken,
    o, âlde stêd, op dy.                        }
    Do bliuwst yn al myn tinzen,      }   2 x
    do bliuwst in diel fan my.            }

    Wêr't ienris weagen rôlen,
    al oer it âlde strân.
    Dêr rint no fee te weidzjen,
    dêr is no bou en lân.
    Wêr't ienris fiskers foeren,
    op dy, o see, sa wiid.                     }
    Dêr buorkje no de boeren,        }   2 x
    't Is al ferline tiid.                            }

    Dêr tusken mar en greiden,
    dêr leit ús âlde stêd.
    By feart, by poel, by reiden,
    dêr fret it fee him sêd.
    o stedsje fan myn dreamen,
    wat leist dêr moai en frij.           }
    Do bliuwst yn al myn tinzen,      }   2 x
    ik tink altyd oan dy                   }

     

    13.  ‘Rondeau’  - Jean J . Mouret    Siebe trompet en Harry orgel. (tijdens het “Rondeau” kan een  ieder zich naar het informele gedeelte en tevens slot van de avond begeven voor een hapje en een drankje en wordt de mogelijkheid geboden het boek aan te schaffen.)

    Algehele leiding en tekst liedjes                       :  Frank Dijkstra
    Orgel, Piano en arrangementen/toonzetting     :  Harry Mast
    Mezzo-sopraan                                                   :  Monique Topeeters,
    Trompet                                                              :  Siebe Bokma



    << Terug
    Touristinfo

    Klameare Workum    Organische meststoffen Culterra    
    Op de hoek van de stal    Glashandel Sneek    
    Jopie Huisman Museum    De Jong Workum Financieel Advies    
    NEDCAD    Fasion by Fre    
    Makelaardij P.J. de Jong    Hunia's Drukkerij    
    Thijs van der Meer Slagerij    Touwspecialist    
    Roelof Fopma